Stellingwerven: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
MeinRei (oerlis | bydragen)
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
omstavere 2015
Rigel 1:
[[Ofbyld:Map Bavaria-Straubing - Karte Straubing-Holland.png|thumb|right|''Kaartsje oer de MidsieuwenMidsiuwen wêrop de Kop fan Oerisel noch ta Stellingwerf rekkene wurdt'']]
De '''Stellingwerven''' is it súdeastlikste part fan de provinsje [[Fryslân]], súdlik fan de [[Tsjonger]], oan de kanten fan de [[Linde]].
 
Rigel 11:
[[Ofbyld:Aekingerzand_(1).jpg|thumb|right|250px|It Aekingersân by [[Appelskea]], jannewaris 2005.]]
[[Ofbyld:Lindevallei nabij De Blesse.JPG|thumb|right|250px|Lindefallei by De [[Blesse]].]]
Geakundich sjoen heart it eastlike part fan de Stellingwerven by de oanswettende gebieten yn it noarden, de [[Fryske Wâlden]]. Nei it westen ta giet it gea stadich oer yn greiden en wetter. It heechste punt fan de Stellingwerven is de [[Bosberch]], justjes súdlik fan [[Appelskea]]. Yn it grinsgebiet tusken Drinte en Fryslân leit et [[Nasjonaal Park Drintsk-Fryske Wâld]]. Dat park bestiet út bosk, heide en stosânen. Benammen op de stosânen ûntstienen lytse heuvels en dunen. Op guon plakken is de sânlaach 5 meter tsjok. Dat sân waard yn de lêste [[iistiid]] oanfierd. De heidefjilden waarden te yntinsyf bebuorke. Dêrtroch begûn it sân te stowen. Om 1850 hinne bedrige de sânstowerij de doarpen en ikkers yn 'e omkriten. Om it stosân op te kearen waarden nuddelbeammen plante. Om 1900 hinne waard [[keunstdong]] brûkt by it beboskjen fan it stosân en de heidegrûn. By Appelskea is in besikerssintrum foar it Drintsk-Frysk Wâld delset. De [[Fochtelerfean]] is in natoergebiet yn it easten fan de [[Eaststellingwerf]], krekt noardeastlik fan it Drintsk-Fryske Wâld, op it plak dêr't Fryslân en Drinte byinoar komme. De Fochtelerfean is ien fan de minne en bêst bewarre heechfeangebieten fan [[Nederlân]]. Yn de Fochtelerfean komme sawol de [[ringslang]], as ek de [[njirre]] en de [[glêde slang]] foar. De populaasje glêde slangen is sa grut, dat sûnt 2001 de slangearend wer yn de Fochtelerfean foarkomt. Súdeastlik fan de doarpen [[Munnikebuorren]] en [[Skerpenseel (Fryslân)|Skerpenseel]] leit it natoerreservaat de [[Rottige Meente]]. It natoergebiet is troch it feangraven yn de 19e en 20e ieuiuw ûntstien. It natoergebiet Rottige Meente is yn it besit fan [[Steatsboskbehear]]. Noardlik fan de Rottige Meente leit de Brandemar, in leechfeangebiet en sompe dy't ek troch feangraven yn de 19e en 20e ieuiuw ûntstien is. Yn it westen fan Weststellingwerf rint de dyk tusken [[Skoattersyl]] en [[Slikenboarch]] oer de âlde seedyk. Dy seedyk beskerme Weststellingwerf, oant de ynpoldering fan de [[Noardeastpolder]], tsjin de [[Sudersee]].
 
=== Wetter ===
Rigel 92:
 
== Skiednis ==
It is net wis wêr’t de earste bewenners fan de Stellingwerven oarspronklik wei kamen. Der is in ferhaal dat se om 840 hinne fan ien fan de bernsbern fan [[Karel de Grutte]] nei de Stellingwerven teagen as flechtlingen út in gebiet súdlik fan [[Hannover]]. Der binne gjin skriftlike stikken fan foar it jier 1000 oerlevere. By [[Aldeholtpea]] is in fûstbile fûn fan sa likernôch 70.000 jier f. Kr. Dy fûstbile is mooglik in bewyske fan [[Neandertaler]]s yn it gebiet.<ref>[http://www.stellingwerf-heemkunde.nl/middeleeuwen/lang%20geleden.htm De vroegste Geschiedenis] fan de webside www.stellingwerf-heemkunde.nl</ref> Sa likernôch 10.000 f.Kr. wennen jagers en sammelders fan de saneamde Tsjongerkultuer yn it gebiet, mar yn dy rite wie der gjin fêste bewenning. Oer de iere midsieuwenmidsiuwen is ek net folle bekend. Yn dy tiid wienen de Stellingwerven in ûnderdiel fan it Fryske wengebiet, oant de [[Franken]] yn it jier 734 de Friezen fersleinen yn de [[Slach oan de Boarn]]. Nei de ferdieling fan it [[Frankyske Ryk]] neffens it [[Ferdrach fan Ferdun]] yn 843 waarden de Stellingwerven in ûnderdiel fan it eastlike Frankyske Ryk. Ut it eastlike part fan it âlde Frankeryk ûntstie yn de njoggende ieuiuw it [[Hillige Roomske Ryk]]. Op 26 novimber 944 joech Keizer Otto I fan it Hillige Roomske Riek "et recht van foreest" (it jachtrjocht) yn de Pagus Thriënte oan biskop Balderik fan Utert. Dêrmei kamen de hjoeddeistige Stellingwerven ûnder it bewâld fan it Uterske bisdom. De Pagus Thriënte (it goa Thriënte) omfiemet Drinte en Oerisel, oan de rivier de [[Tsjonger]] ta. Under de biskoppen fan Utert hie it gebiet de namme "Oerstift".
[[Ofbyld:Yndieling fan de Sân Fryske Seelannen neffens it 'traktaat' fan 1417.jpg|thumb|left|Sân Fryske Seelannen neffens it traktaat fan 1417.]]
De [[biskoppen fan Utert]] hienen yn [[Follenhove]] in tsjerke en kastiel, en behearsken fan dêr út it gebiet. Yn de rin fan de tiid makke hieltiten mear gebiet oan de kanten fan de Linde him los fan Follenhove. Yn [[1309]] hiene dizze boeren spul mei Follenhove oer pacht, en sletten se harren oanien foar in oanfal op Follenhove. Sa ûntstie in ûnôfhinklike [[republyk]], de ''Frije Naasje fan de Stellingwerven''. Dizze republyk waard liede troch trije keazen bestjoerders, de ''Stellingen''. Yn it feangebiet fan dy tiid wie fansels rjocht sprutsen op de hichten, de ''werften''. De ''Stellingwerf'' is dêrmei it rjochtsgebiet fan de stellingen. It Stellingwerver Lânrjocht is nei alle wierskyn yn de 14e ieuiuw op skrift steld en ferskynde yn it jier 1480<ref>[http://www1.omropfryslan.nl/Mear_Nijs_60384.aspx Omrop Fryslân; 'Unyk midsieuskmidsiuwsk dokumint']</ref> It lânrjocht beskriuwt it plak fan de Stellingwerven as Frysk gebiet. Neffens it lânrjocht waard eltse ynbreuk op de [[Fryske frijheid]] swier straft. Yn it [[Freeska Landriucht]] (yn 1480 it earste printe boek yn de Fryske taal) binne de Stellingwerven yn it [[Traktaat fan de Sân seelannen]] neamd as ûnderdiel fan it fjirde seelân. <ref>[http://wikisource.org/wiki/Traktaat_fan_de_S%C3%A2n_seelannen Traktaat van de Zeuven Zeelanen] in et Ooldfries op Wikisource</ref> Doe't de Fryske frijheid yn 1498 troch hartoch [[Albrecht fan Saksen]] ta in ein kaam, wie dat ek de ein fan de selsstannigens fan de Stellingwerven. Yn it jier 1500 waarden ek de Stellingwerven definityf ûnderwurpen troch de keizer fan it [[Hillige Roomske Ryk]]. Yn dat jier waard Stellingwerf as Fryske [[gritenij]] ûnderdiel fan de [[Sânwâlden]]. Yn 1504 kaam der in ein oan de âlde rjochten fan de Stellingen.<ref>[http://www.stellingwerf-heemkunde.nl/middeleeuwen/late%20middeleeuwen.htm De late Middeleeuwen] fan de webside www.stellingwerf-heemkunde.nl</ref> De hartoch ferkocht Fryslân yn 1515 oan [[Karel V]]. Yn 1517 waard Stellingwerf dield yn twa gritenijen: [[Weststellingwerf|Stellingwerf Westerein]] en [[Eaststellingwerf|Stellingwerf Easterein]].<ref>[http://www.friesarchiefnet.nl/index.php?view=article&id=86&option=com_content www.friesarchiefnet.nl]</ref>
[[Ofbyld:Sânwâlden_gritenijen.png|thumb|Gritenijen yn de Sânwâlden oan de ein fan de 17e ieuiuw.]]
De Stellingwerven kamen as ûnderdiel fan de provinsje Fryslân yn de twadde helte fan de sechtjinde ieuiuw by de [[Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen]], dy't yn 1568 formeel útroppen waard. In part fan de [[Linde]] en [[Tsjonger]] waarden nei 1580 ûnderdiel fan de [[Fryske Wetterliny]]. It gebiet by de skânsen del waard yn de [[Tachtichjierrige Oarloch]] tsjin de Spanjerts en yn it [[Rampjier]] tsjin [[Bernhard von Galen]] en Frânske helptroepen ûnder wetter set. Mei de komst fan de Frânsen yn 1795 waard de [[Bataafske Republyk]] stifte. Fan 1798 oant 1801 wie Sânwâlden in ûnderdiel fan it Frânske [[Departemint fan de Alde Isel]]. Yn 1801 gong de Bataafske Republyk oer yn it Bataafske Gemenebest en it [[Departemint Fryslân]] waard stifte. Yn 1806 gong it Bataafske Gemenebest oer yn it Keninkryk Hollân dat oant 1810 bestien hat. Yn 1814 waard Fryslân in provinsje fan Nederlân. Yn de Frânske tiid waard Eaststellingwerf opdield yn twa gemeenten (''mairies''); Alderberkeap en Easterwâlde. Nei de [[Frânske tiid]] waarden Alderberkeap en Eastwâlde wer gearfoege ta ien gritenij/gemeente.<ref>[http://www.friesarchiefnet.nl/index.php?view=article&id=86&option=com_content Ooststelingwerf 1600-1850] op www.friesarchiefnet.nl</ref>
 
Yn de sântjinde en achttjinde ieuiuw koe de mienskip troch feanwinning jild fertsjinje. Yn de twadde helte fan de [[19e ieuiuw]] wie it grutste part fan it fean ôfgroeven. Dêrtroch feroare der op sosjaal-ekonomysk mêd gâns. Yn [[Noardwâlde]] begûn de befolking mei it binen fan biezems en it meitsjen fan heidebjinders. Mei de wylgetien dy't oeral te krijen is wurde koeren flechte. As der gjin wylgetien mear te krijen is wurdt [[rotan]] ynfierd.<ref>[http://www.vlechtmuseum.nl/?nl/vlechtdorp/inhoud/2/ Lokale skiednis op www.vlechtmuseum.nl]</ref> Om 1900 hinne is it reidflechtsjen in wichtich ûnderdiel wurden fan de ekonomy fan Noardwâlde en omkriten. Yn de [[Twadde Wrâldkriich]] waard it Kamp It Petgat by Blesdike as strafkamp foar [[Joaden]] brûkt. It kamp is fjouwer moanne as strafkamp brûkt en waard yn de nacht fan 2 op 3 oktober 1942 ûntromme. Kamp Oranje en Ybenheer by [[De Fochtel]] waarden brûkt as wurkkampen foar manlike Joadske twangarbeiders. Op 2 oktober 1942 waarden 215 minsken op transport set nei [[Kamp Westerbork]] om dêrwei nei [[Auschwitz]] en [[Sobibór]] brocht te wurden.<ref>[http://www.fochtelooerveen.info/ooststellingwerf.php Ooststellingwerf] op fochtelooerveen.info</ref> Yn de Stellingwerven begûn de befrijing yn de nacht fan 7 op 8 april 1945. 60 Frânske falskermspringers kamen by [[Haulerwyk]] en [[Appelskea]] del.<ref>[http://www.spanvis.nl/Verzetsstrijders1/Krant.htm De bevrijding van Friesland]</ref> Nei de kriich waard Kamp Oranje by De Fochtel brûkt as strafkamp foar NSB'ers en letter as opfangkamp foar Molukkers. Kamp Ybenheer waard nei de kriich fan 1951 oant 1968 ek as opfangkamp foar Molukkers brûkt. Nei 1968 wie et eardere kamp in oefengebiet fan it Nederlânske leger. De oprjochting fan de suvelfabriken nei 1880 en de meganisaasje fan de lânbou nei de Twadde Wrâldkriich hawwe gâns ynfloed hân op de ekonomyske ûntjouwing en agraryske karakter fan it gebiet. Tagelyk ûnstie der in lichte yndustry dy't no noch beskiedend is foar de ekonomy fan de streek.
 
=== Lânrjocht ===
Yn [[2009]] ûntduts de Fryske wittenskipper [[Oebele Vries]] yn it ryksargyf yn [[Arnhim]] in oant dan ta net bekend ôfskrift fan it ''Lânrjocht fan Stellingwerf''. It soe gean om in oersetting dy't datearre wurdt út de [[15e ieuiuw]] fan in oarspronklik yn it [[Latynsk]] opstelde tekst út de [[14e ieuiuw]]. De tekst kin nije ynformaasje jaan op de midsieuskemidsiuwske skiednis fan de Stellingwerven.<ref> [http://www.nieuweooststellingwerver.nl/?n_id=104844&s_id=599 berjocht yn de Nieuwe Oostellingwerver]</ref>
 
== Mienskip ==
Rigel 167:
Ek mei kultuer hawwe de Stellingwerven in protte mei de Nedersaksyske kultuer. Sa wurde der om [[Peaske]] hinne in protte [[Peaskefjoer|peaskefjoeren]] oanstutsen yn it gebiet. Dat bart ûnder oaren yn Aldeberkeap, Elsloo en Easterstreek.
 
It âldste skriftlike bewyske fan de namme Stellingwerf is út it jier 1309. Dêrom waard yn 2009 it 700-jierrich bestean fan de Stellingwerven fierd. De griffioen komt sawol op it gemeentewapen fan Weststellingwerf as dy fan Eaststellingwerf foar. In lyksoartich figuer stiet op in segel út de midsieuwenmidsiuwen.<ref>[http://www.stellingwarfs.nl/?pagina=info Stellingwarf-info] op de website van de Stellingwarver Schrieversronte</ref> Op in ôfbylding mei de twa gemeentewapens út 1580 binne ek fan sokke figueren te sjen.<ref>[http://www.pylgeralmanak.nl/?pagina_id=193 De Griffioen van de Stellingwerven.]</ref> By it feest foar it 700-jierrich bestean fan de Stellingwerven waard dêrom in aparte flagge makke mei de griffioens fan de beide gemeenten der op.
 
Yn Eaststellingwerf en omkriten wurdt op it mêd fan keunst, kultuer en literatuer in protte wurk ferset troch de ''Stichting Kunstwerf''. Eltse simmer wurdt yn [[Aldeberkeap]] it keunstbarren ''Open Stal'' hâlden dêr't 15 keunstners op ferskillende plakken eksposearje mei harren wurk. Dizze keunstrûte wurdt sûnt 1971 hâlden. In oar grut barren yn de Stellingwerven binne de ''Pinksterlanddagen'', in anargistysk festival yn Appelskea mei politike praatrûnten, gearkomsten, lêzings en workshops.