De Aventoeren fan Tom Sawyer: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Nije side
 
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
omstavere 2015
Rigel 11:
As er werom is op skoalle, wit Tom Becky har geunst werom te winnen troch de straf op him te nimmen foar in boek dêr't sy troch rimpenens in skuor in makke hat. Koarte tiid letter begjint it proses tsjin Muff Potter. Tom, waans skuldgefoelens him oermânsk wurde, tsjûget dan tsjin Injun Joe. Potter wurdt frijsprutsen, mar Injun Joe naait út ear't er oppakt wurde kin. Dêrnei begjint Tom foar syn libben te freezjen, mei't Injun Joe op frije fuotten bliuwt en persiis wit wêr't Tom wennet.
 
As it simmer wurdt, geane Tom en Huck op 'e sneup nei in begroeven skat by in rynkrank hûs, dêr't it spoeketspûket. As hja har op 'e souder weage hawwe, hearre se ûnder leven. Troch in gat yn 'e soudering sjogge se hoe't Injun Joe it hûs ynkomt, ferklaaid as in dôfstomme Spanjert. Hy en syn ûnhuere maat beprate harren plannen om al it jild dat se stellen hawwe hjirsanne te begraven. Tom en Huck kinne harren earen suver net leauwe, en neitiid begjint Huck Injun Joe oeral ûnopmurken te efterfolgjen, wylst er syn kâns ôfwachtet om 'e moardner syn stellene skat te ûntnaderjen.
 
Tom giet mei syn skoalklasse op in ekskurzje nei in grot yn 'e omkriten fan St. Petersburg. Tom en Becky, dy't net by de groep bliuwe, ferdwale dêr en bringe in nacht yn 'e grot troch sûnder dat se mist wurde, mei Tom syn muoike mient dat er by Becky-en-dy is, wylst Becky har âldelju miene dat se by Tom-en-dy oerbleaun is. Uteinlik sjocht Tom yn 'e grot Injun Joe, dy't harren sûnder it sels te merken it paad nei de útgong wiist. Wylst Tom noch yn 'e grot sit, sjocht Huck hoe't Injun Joe en syn maat mei in kiste omtôgje. Hy folget harren en lústeret se ôf as se it deroer hawwe om widdo Douglas, in freonlike frou, te berôvjen en tenei te kommen. Huck slacht alaarm en de smjunten moatte harren plan opjaan, en ferdrinke as hja de rivier besykje oer te swimmen om oan harren efterfolgers te ûntkommen. In wike letter geane Tom en Huck wer nei de grot ta, dêr't se Injun Joe syn kiste fol mei jild fine. De widdo Douglas komt te witten wa't har rêden hat, en hja adoptearret Huck Finn, dy't dan foar it earst fan syn libben mei beskaving te meitsjen kriget. Hy pykt al gau út, mar Tom fynt en bepraat him, dat ta ein beslút jout Huck him del ûnder it goedbedoelde bememkjen fan widdo Douglas.