Filips de Skiene: ferskil tusken ferzjes

L
Wat is ''skiene'' ek wer? [[]]
L (Wat is ''skiene'' ek wer? [[]])
'''Filips de Skiene''', yn [[Spanje]] '''Filips I fan Kastylje''' neamd ([[Brugge]], [[22 july]] [[1478]] - [[Burgos (Spanje)|Burgos]], [[25 septimber]] [[1506]]), wie de soan fan [[Maksimiliaan I fan it Hillige Roomske Ryk|Maksimiliaan fan Eastenryk]] en fan [[Marije fan Boergonje (hartoginne)|Marije fan Boergonje]].
 
Filips erfde fan syn heit it grutste part fan it Hartochdom Boergonje en fan syn mem de Boergondyske Nederlannen (as Filips IV), en siet koart op de troan fan de [[Kroan fan Kastylje]] omdat er boaske wie oan keninginne Joanna fan Kastylje, dy't ek erfgenamt fan de [[Kroan fan Aragon]] wie. Filips wie de earste Habsburchske moarch yn Spanje. Hy erfde nea de fierdere gebieten dêr't syn heit oer hearske en waard ek gjin Keizer fan it Hillige Roomske Ryk omdat er earder as syn heit stoar, mar syn soan keizer [[Karel V]] slagge it om de Habsburchske, Boergondyske, Kastyljaanske en Aragoneeske besittingen te ferienigjen.
 
== Neiteam ==
[[Johanna fan Kastylje]] en Filips de Moaie hienen seis bern:
* [[Eleonora fan Habsburch|Eleonora]] ([[15 novimber]] [[1498]] - [[25 febrewaris]] [[1558]]), keninginne fan Portegal (troch har houlik mei [[Emanuel I fan Portegal|Emanuel I]]) en Frankryk (troch har twadde houlik mei [[Frâns I fan Frankryk]])
* [[Karel V fan it Hillige Roomske Ryk|Karel V]] ([[24 febrewaris]] [[1500]] - [[21 septimber]] [[1558]]) keizer fan it [[Hillige Roomske Ryk]] en kening fan Spanje, troude mei [[Isabella fan Portegal (1503-1539)|Isabella fan Portegal]]
* [[Isabella fan Habsburch|Isabella]] ([[18 july]] [[1501]] - [[19 jannewaris]] [[1526]]), keninginne fan Denemark troch har houlik mei [[Kristiaan II fan Denemark|Kristiaan II]]
* [[Ferdinand I fan it Hillige Roomske Ryk|Ferdinand I]] ([[10 maart]] [[1503]] - [[25 july]] [[1564]]), keizer fan it Hillige Roomske Ryk, troude mei [[Anna fan Bohemen en Hongarije|Anna fan Bohemen]]
* [[Marije fan Hongarije (1505-1558)]] ([[18 septimber]] [[1505]] - [[18 oktober]] [[1558]]), keninginne fan [[Hongarije]] troch har houlik mei [[Loadewyk II fan Hongarije|Loadewyk II]]
* [[KatharinaKatarina fan Habsburg (1507 - 1578)|Katharina]] ([[14 jannewaris]] [[1507]] - [[12 febrewaris]] [[1578]]) keninginne fan Portegal troch har houlik mei [[Johan III fan Portegal|Johan III]]
 
{{Commonscat|Philip I of Castile}}