Fryske flagge: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
omstavere 2015
Rigel 6:
 
== Oarsprong ==
De flagge is nei alle gedachten yn dizze ferzje makke troch de famylje De Zee te [[Jirnsum]], om [[1895]] hinne, en sa'n twa jier letter yn de hannel brocht. De flagge wie nei sizzen makke nei in âlde print fan it Fryske wapen, dy't spitigernôch yn 1923 troch brân ferlern gien is. Sûnt lykernôch 1880 wienen yn inkelte gefallen al eardere flaggen mei sa'n selde motyf brûkt. Dat motyf is oernaam fan de wapens fan de [[Fryske keningen]] sa't dy yn de [[15e ieuiuw]] en letter yn de wapenboeken stiene. It tal banen en pompeblêden wie op de ôfbylden al oars.
Der wienen gauris acht banen, en it tal pompeblêden wie meast alve, al is elts getal fan sân oant alve wolris tekene.
In opfallend ferskil mei de hjoeddeiske flagge is dat de lytse baan boppenoan yn de punt yn de ôfbylden altyd wyt is, dêr't dy by de flagge blau is.
Men nimt oan dat neffens dy wapenboeken, oan it begjin fan de [[19e ieuiuw]] in wapen mei it no bekende patroan tekene waard en oan de ein fan de ieuiuw de Fryske flagge mei datselde patroan.
 
Noch âlder as de wapenboeken is it Noardske [[Gûdrûnliet]], út likernôch de âlfde ieuiuw. Dat ferhellet fan foarfallen út de njoggende ieuiuw en wurdt de flagge fan Hear [[Herwik fan Seelannen]] beskreaun, dy't in wolkeblaue flagge mei seeblêden hat.
 
== Goedkarring ==