Wûnseradiel: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
omstavere 2015
Rigel 25:
Wûnseradiel is ûntstien út [[Wildinge]], ien fan de lannen fan [[Westergoa]]. It hjit nei Wûns, nei alle gedachten om't it it rjochtsgebiet fan de [[Wûnzer werstâl]] wie. Yn de rin fan de tiid is de stêd [[Boalsert (stêd)|Boalsert]] fan dit gebiet ôfskieden. Letter is noch mear gebiet by Boalsert foege.
 
Dit gebiet is al sûnt de [[terpentiid]] bewenne; der hawwe grûnfyndsten wêst fan sûnt de lêste ieueniuwen foar Kristus. Earst wie dit [[terp]]bewenning, mar yn de [[10e ieuiuw]] waard begûn mei de oanlis fan [[dyk|diken]], lykas de [[Penjumer halsbân]]. Stadichoan waarden de slinken fan de [[Marne]] ôfsletten, en foarme him it hjoeddeiske gebiet. Op de ein fan de [[19e ieuiuw]] binne noch de trije grutte marren yn de gemeente ynpoldere: de [[Makkumer Mar]], de [[Parregeaster Mar]] en de [[Warkumermar|Warkumer Mar]]. Yn [[1970]] waard der in [[marrenplan]] foar dizze marren presintearre, mar dat is net trochgongen. Fan de dyk tusken [[Koarnwert]] en [[Surch]] is yn [[1928]] it earste stik fan de [[Ofslútdyk]] oanlein; by de oanlis fan de dyk ûntstienen ek de doarpen [[Breesândyk]] en [[Koarnwertersân]].
 
== Plakken ==