Molkwardersk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L oanf
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
omstavere 2015
Rigel 4:
| eigen namme = ''Molkurders'' (?)
| lânseigen yn = [[Nederlân]]
| tal sprekkers = – († [[19e ieuiuw]])
| skrift = [[Latynsk alfabet]]
| taalfamylje = ● [[Yndo-Jeropeeske talen|Yndo-Jeropeesk]]
● [[Germaanske talen|Germaansk]]
● [[Westgermaanske talen|Westgermaansk]]
● [[Noardwestgermaanske talen|Noardwestgermaansk]]
● [[Fryske talen|Frysk]]
● [[Westerlauwersk Frysk]]
● '''Molkwardersk'''
Rigel 14:
| ISO 639-3 =

It '''Molkwardersk''' wie it [[Fryske dialekten|Fryske dialekt]] fan it [[doarp]] [[Molkwar]], dat yn 'e [[Súdwesthoeke]] tusken [[Hylpen]] en [[Starum]] oan 'e [[Iselmar]]kust leit. It waard yn elts gefal sprutsen oant yn 'e earste helte fan 'e [[njoggentjinde ieuiuw]], mar rekke op syn letst om 'e midden fan dy ieuiuw hinne yn it neigean en wie tsjin [[1900]] útstoarn.

==Taaleigenskippen==
It Molwardersk wie in tige behâldende taalfoarm, wêryn't in protte fan it [[Aldfrysk]] bewarre bleaun wie. Benammen op it mêd fan 'e [[klanklear]] en [[wurdskat]] wykte it sterk ôf fan it [[Frysk|Standertfrysk]]. Datoangeande hie it frijwat wei fan it [[Hylpersk]], dat noch altyd yn it oanbuorjende [[Hylpen]] sprutsen wurdt. Foarhinne waard wol tocht dat it Molkwardersk in oerlibjende foarm fan it Aldfrysk wie (sa't dat ek wol, en like foutyf, sein wurdt fan it [[Skiermûntseagersk]]), mar [[taalkunde|taalkundich]] ûndersyk út 'e twadde helte fan 'e [[tweintichste ieuiuw]], troch û.m. [[perfester]] [[Henricus Theodorus Jacobus Miedema|H.T.J. Miedema]], hat oantoand dat de oerlevere teksten gewoan in foarm fan [[Midfrysk]] wiene (wêrfan't it tiidrek oant [[1820]] duorre).

==Untwikkeling==
It is oannimlik dat it Molkwarders in ûntwikkeling kend hat dy't sterk op dy fan it nau besibbe Hylpersk liek. Dat Hylpersk hat him meitiid ûntjaan kinnen om't it oan 'e kust sprutsen waard yn in stedsje dat net folle kontakt hie mei syn eigen efterlân, mar nammenste mear oriïntearre wie op 'e hannel mei de [[Hollân]]ske stêden oare kant de [[Sudersee]]. Sadwaande hat it Hylpersk in folle gruttere ynfloed fan it [[Hollânsk]] ûndergien as dat by de oare Fryske dialekten it gefal is. Benammen it [[Amsterdamsk]]e stedsdialekt hat troch de ieuweniuwen hinne in grutte ynfloed op it Hylpersk útoefene. Dêrnjonken hat it Hylpersk troch de [[seefeart]] ek bleatstien oan (iere) ynfloeden fan it [[Ingelsk]] en fan [[Noardgermaanske talen]] lykas it [[Noarsk]]. Om't Molkwar yn deselde krite leit en krekt as Hylpen in kustplak is dêr't foarhinne hannel en [[fiskerij]] yn 'e pleatslike [[ekonomy]] in grutte rol spilen, soe men oannimme kinne dat it Molkwarders in soartgelikense ûntsteansskiednis hân hat.

==Oerlevering==
It Molkwardersk is yn elts gefal oerlevere út 'e ein fan 'e [[achttjinde ieuiuw|achttjinde]] en it begjin fan 'e [[njoggentjinde ieuiuw]]. De wichtichste teksten binne dêrby fragminten fan 'e [[Bibel]] dy't yn it dialekt oerset waarden. Sa fertaalde [[perfester]] [[Everwinus Wassenbergh]] yn [[1802]] in hiel haadstik út it [[Nije Testamint]] ([[Evangeelje fan Mattéus|Mattéus]] 6) yn it Molkwardersk, wylst yn [[1811]] dû. [[Simon Gorter]] de ''[[Likenis fan de Ferlerne Soan]]'' yn it dialekt oersette.

{{boarnen|boarnefernijing=