Broer Doekeles Dykstra: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
omst 2015
Rigel 1:
'''Broer Doekeles (B.D.) Dykstra''' ([[Penjum]], [[11 novimber]] [[1871]] - [[Orange City (Iowa)|Orange City]] [[Iowa]], [[29 maart]] [[1955]]) wie in Amerikaansk [[predikant]], ûnderwiisman en [[dichter]] dy't ferskate boeken skreaun hat en redakteur fan de ''Volkskrant'' west hat. Hy wie in foaroansteand lid fan de [[Reformed Church in America]]. Yn dy tsjerke wie er ferneamd as 'de man op de fyts', dy't mei syn boeken de streek op gie en in lytse útjouwerij yn it wurk hold mei syn soannen.
 
'Broer Dijkstra' waard berne yn [[Penjum]] as soan fan Doekele Dykstra en Beitske van der Schaaf. De húshâlding emigrearre nei de [[Feriene Steaten]] yn [[1882]]. Hy waard dêr in warber pasifist. Ein [[19e ieuiuw]] wie er studint oan de Orange City Academy, no it Northwestern College yn [[Iowa]]; in skoalle dy't noch altyd de Dykstra-Muste-Nelson Peace stúdzjebeurs oanbiedt ta syn, [[Abraham Johannes Muste|A.J. MusteMustes]]'s en [[Ronald R. Nelson|Ronald R. Nelsons]]'s eare.
 
Ferskate soannen fan him waarden foaroansteande ûnderwizers en teologen. Syn soan [[D. Ivan Dykstra]] wie heechlearaar [[filosofy]] op it [[Hope College]]; soan [[Vergil Dykstra]] waard presidint fan de [[George Mason University]].