Bueren (It Amelân): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Ieneach fan 'e Esk moved page Bueren to Bueren (It Amelân): Yn 'e Betuwe leit ek in Bueren
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
omstavere 2015
Rigel 7:
Der binne op It Amelân hast gjin fynsten fan foar 1300 bekend. Dat de skipfeart it eilân brûkte as flechtplak wie mooglik it begjin fan de lettere delsettings. By de restauraasje fan de herfoarme tsjerke fan [[Hallum]] die bliken dat de tsjerke boud is op de fûneminten fan in tsjerke út de jierren 1100. Men hie lykwols hope om oerbliuwsels te finen fan it tsjerke út 800 dy't dêr neffens de oerlevering stien hawwe soe. Wol is wis dat It Amelân hast de hiele skiednis troch ûnôfhinklik west hat. Wol wie der faak spul mei har regearders of tusken famylje fan de regearders ûnder elkoar.
 
Nei 1400 waard in neutraliteitspolityk fierd tusken de Hollanners en de Friezen dy't in soad skeel ûnderling hiene. Yn de [[15e ieuiuw]] liet de fermogende Fryske ealman [[Ritske Jelmera]] yn [[Ballum]] in slot sette. Nei ferskate erfeniskwestjes kaam dit úteilik yn hannen fan Hayo Jelmera, letter bekend as [[Hayo fan Cammingha]].
 
De famylje hie it mear as twahûndert jier lang foar it sizzen. Yn dy jierren wie der wol ûnienigens mei wettergeuzen, mar oer it generaal wist it eilân neutraal te bliuwen, bygelyks yn de oarloch mei Spanje. De neutraliteit waard erkend troch de Fryske Steaten mar net troch de Steayen fan Hollân dy't sels oanspraak makken op it eilân.
Rigel 18:
 
== Jutterij ==
Eartiids wie it in doarp fan juttende boeren. Troch it jutte guod waarden harren earmoedige fertsjinsten faak wat oanfold. Midden yn it doarp stiet it Lânbou- en Juttersmuseum [[Swartwâlde (It Amelân)|Swartwâlde]]. It bestean fan de Amelanner boeren yn de [[19e ieuiuw]] stiet hjiryn sintraal.
In ferneamde jutster wie [[Rixt fan It Oerd]]. Der stiet in byld fan har oan de haadwei. Der is ek in belangeferiening foar jutters en seefiskers, mei mear as 300 leden.