Dokkumer Grutdjip: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
oar plaatsje
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
omstavere 2015
Rigel 6:
Yn [[1583]] waard yn Dokkum in nije [[syl]] oanlein. Dy syl kaam yn plak fan de [[Aldsyl]] oan de westkant fan Dokkum. Tusken de Aldsyl en Dokkum leine ek noch de [[Boarnwirder Syl]], foar de ôfwettering fan West-Dongeradiel, en de [[Dantumasyl]], foar de ôfwettering fan it westlik part fan Dantumadiel. Dêrtroch ûntstiene swierrichheden omdat [[West-Dongeradiel]] en [[Dantumadiel]] it wetter net mear goed kwyt koene.
 
Yn [[1584]] waard al in foarstel dien de see-earm by de Lauwerssee ôf te sluten om de situaasje te ferbetterjen. Dokkum wie dêr poer op tsjin omdat sy de iepen ferbining mei de see net kwyt reitsje woene. Yn de neikommende 150 jier feroare de situaasje. Wylst noch yn [[1596]] yn Dokkum de [[Fryske Admiraliteit]] oprjochte waard, en de oarlochsskippen doe noch yn de stêd komme koenen, rekke it Dokkumer Djip yn de rin fan de [[17e ieuiuw]] fersâne ta in kringeljende stream. Op [[16 augustus]] [[1723]] waard it foarstel troch de [[Deputearre Steaten]] oannommen om it Dokkumer Djip ôf te sluten.
 
De diken oan beide siden fan it Dokkumer Djip tsjinnen dêrom ek noch lange tiid as seediken en binne yn it lânskip noch dúdlik oanwêzich. Yn de súdlike dyk, de [[Wâlddyk]], wiene ek noch trije silen foar de ôfwettering fan it lân. Fan west nei east de [[Driezumer Syl]], dêr't de [[Driezumer Sylried]] yn it djip útkaam; dan de [[Aldwâldmersyl]], dêr't de [[Aldswemmer]] troch yn it djip útkaam; as lêste de [[Kollumer Syl]] dêr't de [[Kollumer Sylried]] syn wetter yn it Dokkumer djip spijde.
Rigel 20:
 
== Nei de ôfsluting ==
Yn de [[19e ieuiuw]] binne tal fan bochten yn it djip rjochtlutsen. Dêrtroch is der in rige fan fjouwer eilannen ûntstien, mei it nije kanaal fan it Dokkumer Djip oan de noardkant, en in meänder fan it [[Alddjip]] oan de súdkant. It grutste fan de fjouwer is it eastlikste eilân, tsjin [[Ingwierrum]] oer. Op dit eilân lizze in pear pleatsen en steane wat hûzen. It eilân is allinnich te berikken fia de brêge by Ingwierrum.
 
Sûnt de Lauwerssee op [[23 maaie]] [[1969]] ôfsletten is, is ek yn de ôfslútdyk fan it Dokkumer Djip, neist de âldere silen in nije slús oanlein. It Dokkumer Djip set him no lykwols ek foarby de Dokkumer Nije Silen fuort. Om de [[Ingwierrumer Polder]] hinne, draait it Djip nei it noarden, rint tusken dy polder en de [[Djipster Bosk]] troch, en komt nei in pear kilometers út yn de [[Lauwersmar]].