Kabûl: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
SamoaBot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 124 interwiki links, now provided by Wikidata on d:Q5838
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
omstavere 2015
Rigel 31:
Neffens de oerlevering hawwe Iraanske stammen om 400 f.Kr. hinne it plak ''Kabura'' stifte. [[Aleksander de Grutte]] wie yn 330 f.Kr. yn it gebiet, mar makket gjin melding fan it bestean fan de stêd Kabûl.
Yn de [[7e ieuiuw]] feroveren Arabieren de stêd. Babur makke de stêd yn 1504 ta haadstêd fan it Mogoelryk. Nadir Sjad, de sjah fan Iran, ferovere de stêd yn 1738. Yn 1773 waard Kabûl de haadstêd fan Afganistan.
As ûnderdiel fan de [[Earste Afgaansk-Britske Kriich]] waard de stêd yn 1839 troch de [[Feriene Keninkryk|Britten]] ferovere en yn 1842 foar in part delbaarnd. Yn 1879 wie der in grutte opstân tsjin de Britten. Yn 1879 kaam de stêd wer yn Britske hannen, no yn de [[Twadde Afgaansk-Britske Kriich]].
Rigel 50:
== Ferkear en ferfier ==
[[Ofbyld:Karl Eikenberry at Kabul International Airport-2.jpg|thumb|Kabul International Airport]]
Kabûl hat in ynternasjonaal [[fleanfjild]], [[Kabul International Airport]], dat sa'n 25 kilometer fan it sintrum fan de stêd leit. It fleanfjild hat ien ynternasjonale terminal dy't yn 2008 iepene waard. Minsken dy't út it bûtenlân wei nei Kabûl fleane wolle dogge dat meastal oer [[DubaiDûbai]]. Neist it ynternsjonale fleanfjild is der ek in militêre terminal dy't troch it Afgaanske en Amerikaanske leger brûkt wurde.
 
Kabûl hat gjin trein of metro. Yn de earste helte fan de 20e ieuiuw wie der noch in treinferbining mei Jalalabad en in 7 kilometer lange tramferbining yn it stedsgebiet. Sawol de trein as de tram bestean hjoed-de-dei net mear. Yn de santiger jierren wienen der plannen foar in metro mar dy plannen binne net útfierd.
 
Der is wol in bustsjinst dy't hjoed-de-dei sa'n 800 bussen hat en dat oantal wreidet him stadichoan út. De besteande stedsbussen wurde stadichoan fernijd. Kabûl hat mei de measte grutte stêden yn Afganistan busferbiningen. Der ride ek minybussen en auto's yn privee-eigendom dy't as taksyservice brûkt wurde nei oare stêden ta.