Edzard de Grutte fan Eastfryslân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
red
Rigel 1:
{{Dyn koart
| namme = Edzard de Grutte fan East-FryslânEastfryslân
| ôfbylding = Jacob Cornelisz van Amsterdam.jpg
| ôfbyldingstekst =
Rigel 9:
| stjerplak = [[Emden]]
| stjerdatum = [[14 febrewaris]] [[1528]]
| funksje1 = Greve fan [[East-FryslânEastfryslân]]
| regear1 = [[1491]] – [[1528]]
| amtsperioade1 =
| foargonger1 = [[Enno I fan East-FryslânEastfryslân|Enno I]]
| opfolger1 = [[Enno II fan East-FryslânEastfryslân|Enno II]]
}}
'''Edzard de Grutte''' of '''Edzard I''' ([[Greetsiel]], jannewaris [[1462]] - [[Emden]], [[14 febrewaris]] [[1528]]), út it haadlingelaach [[Sirksena]], wie greve fan [[East-FryslânEastfryslân]] fan [[1491]] oant syn dea yn 1528. Hy hat besocht nei de ein fan de Fryske frijheid safolle mooglik Fryske lannen ûnder syn gesach te bringen. Yn de [[Kanon fan de Fryske skiednis]] wurdt er de ''Bouwer fan in Fryske steat'' neamd.
 
== Libbensrin ==
Edzard wie de twadde soan fan greve [[Ulrich Sirksena|Ulrik Sirksena]] en [[Theda Ukena]]. Nei de dea fan syn heit yn [[1466]] fierde Theda it bewâld oer East-FryslânEastfryslân. Om 1480 hinne krige de âldste soan Enno de titel greve fan East-FryslânEastfryslân. Yn [[1481]] kaam Edzard oan de universiteit fan Keulen dêr't er Roomsk rjocht studearre. Yn [[1491]] stoar Enno by in ûngemak sadat Edzard ta greve fan East-FryslânEastfryslân beneamd wurde koe. By it ferstjerren fan Enno siet Edzard yn Jerusalem, dêr't er him ta de [[Oarder fan it Hillich Grêf]] riddere litten hie. Nei syn weromkomst yn 1492 bestjoerde Edzard East-FryslânEastfryslân mei syn mem. Nei de dea fan syn mem yn 1494 dielde hy it bewâld mei syn, net sa wichtige broer, mei net safolle ynfloed, Uko. Op [[27 july]] [[1497]] troud Edzard mei Elisabeth von Rietberg, mei wa't er sân bern krige.
 
=== Konsolidaasje fan syn macht ===
Rigel 38:
Doe't hartoch [[George fan Saksen]] troch Keizer [[Maksimiliaan I]] yn 1514 beneamd waard ta steedhâlder fan alle Fryske lannen, waard dat troch de stêd [[Grins (stêd)|Grins]] wegere. Greve Edzard seach dat foarfal as in mooglikheid om de stêd Grins en de Ommelannen foarfêst ûnder syn gesach te bringen en wurp him op as beskermhear fan de stêd Grins. Yn [[Aduard]] falle de Friezen ûnder syn lieding in Saksysk leger oan, hokker foarfal de oanrin wêze soe ta it [[Saksyske Skeel]], de oarloch tsjin yn earste ynstânsje de hartoggen fan Saksen en doe't dy harren oanspraken opjoegen de kening fan it Hillige Roomske Ryk [[Karel V]].
 
Yn 1514 setten 24 hartoggen en greven fan it Hillige Roomske Ryk mei in grut leger nei Fryslân. De strideraasjes dy't yn it tiidrek 1514-1517 folgen, binne ûnderdiel fan it Saksyske Skeel. Earst besykje se mei sa'n 20.000 man de [[Fêsting Leerort]] by de stêd [[Lier (stêd)|Lier]] te feroverjen. Troch ien kannonskot waard de oanfierder fan dat leger deade en lutsen har dêrtroch werom út de striid. Dêrnei folgen yn 1514 allinnich mar ferliezen foar Edzard. Yn dat jier wurdt Auwerk oanfallen, troch striid en brânstifting stiet hast gjin bouwurk mear oerein. De measte ferdigeningswurken en boargen yn East-FryslânEastfryslân wurde troch it leger fan it Hillige Roomske Ryk oermastere. De [[Slach by Appingedam|fal fan Appingedam]], dêr’t hûnderten boargers by fermoarde waarden, betsjutte de ein fan syn hearskippij oer de Ommelannen.
[[Ofbyld:Count of ost friesland copy.jpg|thumb|Skildering fan Edzard de Grutte út de 18e ieu.]]
Yn 1515 slacht Edzard de Grutte tebek en feroveret East-FryslânEastfryslân foar in grut part werom. [[George fan Saksen]] ferlear dêrtroch syn macht yn de Fryske lannen en ferkeapet syn oanspraken op Grinslân en Fryslân oan keizer Karel V. Dêrmei einige de [[Saksentiid]] yn Westerlauwersk Fryslân en de Grinzer Ommelannen. It Saksyske Skeel kaam yn desimber 1517 mei in fredesferklearring ta in ein.
 
=== De Reformaasje ===
Yn de tweintiger jierren komt de [[reformaasje]] nei East-FryslânEastfryslân ta. Edzard wie gjin tsjinstanner fan de Reformaasje, mar hold him der ek net aktyf mei dwaande. Dizze hâlding fan him tsjinoer de Reformaasje soe letter bliken, wie tige bepalend foar de lettere ûntjouwing fan de reformaasje yn East-FryslânEastfryslân.
 
=== Houlik en bern ===
Edzard krige út it houlik, dat yn 1498 sletten wie mei Elisabeth von Rietberg, sân bern, wêrfan fjouwer dochters en trije soannen. Omdat it geastlike fermogen fan syn âldste soan net tarikkend wie om syn hearskappij oer te nimmen, fierde Edzard yn 1527 de Primogenituer (erfopfolging foar it earste bern) yn it Hûs [[Sirksena]] yn.
 
Edzard stoar op [[14 febrewaris]] [[1528]] yn [[Emden]] en leit yn [[Kleaster Marienthal (Norden)|Kleaster Marienthal]] yn [[Norden]]. Yn de lette 16e ieu, in tiid dy't foar East-FryslânEastfryslân net sa bêst wie, waard Edzard I yn de neitins fan de befolking ferhearlike as 'Edzard de Grutte'.
 
== Keppeling om utens ==