Wiuwert: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
SamoaBot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 3 interwiki links, now provided by Wikidata on d:Q2654295
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
omstavere 2015
Rigel 20:
[[Ofbyld:Wiewerd goudschat.JPG|thumb|left|200px|''Goudskat fan Wiuwert'']]
[[Ofbyld:Wieuwerd. Mummie in de Grafkelder 1950.jpg|thumb|Ien fan de mummys yn de grêfkelder]]
Yn 1866 waard by terpôfgravings in grutte goudskat fûn mei [[byzantynsk]]e en [[Frankyske Ryk|frankyske]] munten út de [[7e ieuiuw]]. Se waarden net brûkt yn in jildekonomy mar waarden droegen as sieraden. De skat bestiet út in [[fibula]], ringen en earhingers. Yn de brakteaten binne Romeinske munten ferwurke. De munten binne ûnder oare fan [[Justinianus I|Justinianus]] út de [[6e ieuiuw]] en wurde bewarre yn it [[Ryksmuseum fan Aldheden]] yn [[Leien]].
 
== Mummy's ==
Wat Wiuwert echt bekend makke hat is de ferneamde [[grêfkelder]] ([[1609]]) ûnder de, yn haadsaak [[19e ieuiuw]]ske [[Nederlânsk Herfoarme Tsjerke|Herfoarme tsjerke]]. Yn de grêfkelder ûntdekten timmerlju yn maart [[1765]] by tafal in alvetal liken dy't op natuerlike wize mummifisearre binne. De kisten stienen op skragen. Yn de kisten sieten in hast geef lichem mei moaie klean oan. De kisten wienen mei linnen beklaaid. Sân kisten binne yn de rin fan de tiid ferdwûn. Guon miene dat se wolris brûkt wêze kinne troch de universiteit fan Frjentsjer. Fjouwer fan dizze ieuwenâldeiuwenâlde [[mummy]]s binne noch yn de grêfkelder te besichtigjen en foarmje sûnt jierren in toeristyske attraksje. Hoe't it kin dat dizze like nea fergien binnen is net rjocht dúdlik. Men tinkt oan de loftstream en fochtichheidsgraad yn de grêftombe as oarsaak, mar elk ûndersyk dat definityf útslútsel jaan kin oer de oarsaak wurdt net tastien troch de tsjerke. Dit omt men de mystike sfear dy't no om de mummifikaasje hinget sa hâlde wol. Ek oer de identiteit fan de mummy's bestiet gjin wissichheid. It binne wierskynlik de resten fan leden fan de Walta-famylje en/of resten fan inkele [[Labadisten]]. Dizze fromme sekte kaam yn de 17e ieuiuw ek op it Waltaslot. (De yntellektuele en artistike [[Anna Maria van Schuurman]] wie in bekende labadist) Wis is yn elk gefal de identiteit fan in freon fan de walta's, goudsmit Stellingwerf fan Ljouwert. De smid leit links en fan him mist de rjochter ûnderearm. Neis him leit de 'ferjitten frou' mei de earms op it liif teard. Nûmer trije is de man mei it kaakabses en rjochts, ûnder in glêzen deksel, it lichem fan in famke (1610) dat nei alle gedachten [[tuberkuloaze]] hân hat. Om te demonstrearjen dat de singeliere grûngesteldheid en kâlde loftstream noch altyd har wurk dogge, is yn de rin fan de tiid in tal deade fûgels yn de romte ophong. Ek al dizze fûgels binne net fergien mar mummifisearre. It mummifisearjen hat grif net de bedoeling west, want de lichems wiene net balseme. Omdat it rêstplak yn 1609 boud waard is yn 2009 it 400-jierrich bestean betocht.
 
== Ferskaat ==