Noardsee: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Robot: lv:Ziemeļjūra is een etalage-artikel; tekstwiziging
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
omstavere 2015
Rigel 30:
De namme komt fan de relaasje fan de Noardsee mei it lân fan de [[Friezen]]. Sy wenje direkt súdlik fan de ''Noard''see, bewesten de [[Eastsee]], noard fan de eardere [[Sudersee]] (no de [[Iselmar]]) en oan beide siden fan de tsjintwurdich ynpoldere [[Middelsee]].
 
Yn de periode fan de Romeinen waard de Noordsee ek wol Mare Frisicum neamt. Dit kaam om't de Friezen om een grut diel fan dy see wennen en sy ek folle op de see farren. Yn klassike tiden waard de Noardsee ek as ''Oceanum Germanicum'' of ''Mare Germanicum'' oantsjutten, wat ''Germaanske Oseaan'' as ''See'' betsjutte. Dizze namme waard gewoanwei brûkt yn it Ingelsk en oare talen nêst de namme Noardsee, oant it begjin fan de [[18e ieuiuw]]. Tsjin de tiid fan de lette [[19e ieuiuw]] wie ''Germaanske See'' in seldsume, wittenskiplike term wurden. Yn it [[Deensk]] hjit de Noardsee nêst ''Nordsøen'' ek ''Vesterhavet'', ''de Westsee'', om't de Noardsee west fan Denemark leit.
 
== Skiednis ==
Rigel 36:
Yn de [[Kromer Tiid]] wie der in natuerlike daam fan kalk tusken it [[South Foreland]] en [[Wytkaap]], de [[Ingelske Lânbrêge]]. Dy is lykwols trochbrutsen, nei alle gedachten yn de [[Elster Iistiid]]. Sûnt dy tiid is de [[Tekselspoar]], in richel tusken [[Fryslân (wengebiet)|Frisia]] en noard [[Norfolk (greefskip)|Norfolk]], it heechste part fan de ferbining tusken kontinintaal [[Europa]] en Grut-Brittanje. Yn [[iistiid|iistiden]], mei in leech seenivo, wurdt dizze ferbining in lânbrêge.
 
Yn de tuskenperioaden, mei in heger seenivo, ferdwynt de Tekselspoar ûnder wetter en wurdt sa in seerichel dy't it bêd fan de Noardsee yn twa bekkens opdielt. In perioaden mei in leech seenivo falle de bekensbekkens droechdrûch. It súdlike bekken wetteret dan ôf op it Kanaal, wylst it Noardlike bekken ôfwetteret op de Noarske See. Yn guon iistiden hat it part noard fan de Tekselspoar ûnder it iis lein wylst it part besuden de richel [[tûndra]] wie.
 
De geology is noch altyd wichtich. Sa is de [[Kanaaltunnel]], mei it [[Gruttefaasjetrein|gruttefaasjespoar]] tusken [[Dover]] en [[Kales]] dat hjoed de dei Ingelân en [[Frankryk]] ferbinet, boud yn de kalk fan it restant fan de Ingelske Lânbrêge.
 
=== Fryslân ===
Foar it lânskip fan Fryslân hat de Noardsee ek tige wichtich west. De [[balstienliemlagen]] en it [[sân]] dat it iis fan de iistiden efterlitten hie, kamen tegearre mei it sân fan de doetiidsk droegedrûge Noardsee yn Fryslân te lizzen. Under it [[Holoseen]] ûntstiene oan de râne fan de Noardsee dêr't it sân opwaaide strânwâlen. Efter dizze strânwâlen besonk sân en wat fierderop [[klaai]]. Doe't oan de lânkant ek plantegroei him goed festige hie, en it hjirfan ôfstoarne plantemateriaal ûnder wetter kaam te stean, ûntstie der ek noch [[fean]]. Troch it opwaarmjende klimaat kaam it seenivo hieltyd heger te lizzen, mar der wiene altyd wer tiidrekken dat it wer efkes leger lei. Dizze perioade fan transgresje en regresje makken dat der in wikselwurking tusken it lân en de Noardsee wie dy't der foar soarge dat der op Fryslân hieltyd wer sân, klaai of fean kaam te lizzen, of fuortslein waard troch de see. Dit kombinearre mei de ôfwetterings fan rivieren en slinken, en lâns dizze plakken ûntstiene [[kwelderwâl]]en dêr't de ofsettings wat dikker lizze as earne oars. Sa is it Fryslân fan foar de ynpolderings ta stân kaam, mei tank oan de Noardsee.
 
=== Ferkear ===