Easterlittens: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
MeinRei (oerlis | bydragen)
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
omstavere 2015
Rigel 15:
== Skiednis ==
De see hat fruchtbere kalkhâldende klaailagen ôfsetten yn de omjouwing. Soks wie tige gaadlik foar feehâlderij. Dochs binne der eartiids ek geregeld stikken lân fuortslein toch de see. Om 900 hinne waarden diken oanlein om de Middelsee en waard it feiliger.
Easterlittens is bestie oarspronklik út de bewenning fan fiif terpen. Ien fan dy fiif terpen moat al om 800 hinne opkrune wêze, en wie dêrmei grutter as de oaren. Op dy terp waard yn de 12e ieuiuw de tsjerke boud, en it is hjir dat de buorren fan it doarp har foarmen. Dit doarp waard it earst neamd yn [[1275]], mei de namme ''Lechenghe''. Op de oare fjouwer terpen binne de hieltyd noch besteande [[buorskip]]pen [[Langwert (buorskip)|Langwert]], [[Wieuwens (buorskip)|Wieuwens]], [[Wammert]] en [[Skrins]] ûntstien. Ta de himrik fan Easterlittens heart fierders it buorskip [[Weakens]].
Oant de [[gemeentlike weryndieling]] fan [[1984]] wie Easterlittens part fan de eardere gemeente [[Baarderadiel]].
 
Rigel 21:
 
== Margarethatsjerke ==
De doarpstsjerke in grif yn de [[12e ieuiuw]] stifte en wie doe wijd oan de hillige Margaretha. De tsjerke is foar it grutste part oplutsen út bakstien mei oan de healrûne skip oan de noardkant in [[sakristy]] út de [[15e ieuiuw]]. Yn de sakristykeamer by it alter waard yn de roomske tiden alles bewarre dat mei de mis, fesper of prosesje te krijen hie en net yn de tsjerke hearde. Hjir ferklaaiden de geastliken har en it wie tagelyk de skat- of argyfkeamer. Letter waard it ek faak brûkt foar gearkomsten. Under de sakristy sit in ûne, dy't al yn 1742 neamd wurdt. Hjir waarden de koaltsjes foar de tsjerkestoven makke. Yn skip en koar sitte noch restanten [[dowestien]] en oan de noardkant sit in saneamde [[noarmannepoarte]] mei profylstienen.
 
Boppe de yngong yn de súdmuorre sit in ingelekopke yn de ôfslútstien mei it jiertal [[1665]]. Yn 1969 waaide it lytste tuorke fan it tek, in tinkstien yn de súdmuorre is in oantinken hjiroan.
Rigel 44:
 
== Herberch It Wapen fan Fryslân ==
Neist ferbliuwplak wie in herberch foar de befolking ek in moetingsplak foar fertier. Yn de [[19e ieuiuw]] groeide it ferieningslibben en ûntstie ferlet fan sealromte. Fanâlds wie binnen de buorren mar ien herberch, want de doarpsgearkomst hie yn 1629 besletten dat om ''dronkerieen, partijschappen en andere onheilen weg te nemen'' der mar ien herberch wêze soe. De herberch by de Terp (no it Plein 2) is al âld. Yn 1511 wurdt ''Ulba Tapper'' as kastlein neamd. Nei 1745 is der fan elke kastlein wol in byberop bekend. Sa wie Hendik de Bruin ek eksekuteur (doarwarder). De saneamde [[adstint]]en wienen oan him ûnderhearrich, sadat hy beskôge wiurde kin as haad fan de 'plysje'fan it nedergerjocht, yn dit gefal [[Baarderadiel]]. Yn de 19e ieuiuw is fan de herberch in diel fan it wengedielte ôfskieden, dit hat duorre oant 1884, doe't de herberch yn twaen ferkocht waard. Op in sneintejûn yn novimber 1887 spruts hjir de bekende politikus [[Pieter Jelles Troelstra]]. Yn it kafee hinget in muorreskildering dy't nei de [[Twadde Wrâldoarloch]] makke waard troch Nanne Giezing.
 
== Doarpswapen en flagge ==
Rigel 54:
 
=== Littenser Merke ===
De jiermerk wie alear wijd oan de dei fan tsjerkehillige St. Margriet op 20 july. De measte merken wiene femerken,mar der wienen ek typyske hynstemerken Yn Heech en Easterlittens wie in bargemerk, op 1 oktober. Nei it midden fan de [[18e ieuiuw]] is dit feroare yn de earste moandei fan septimber. Nei 1900 binne dit merkedagen wurden, en wol de earste woansdei en tongersdei fan septimber as oerbliuwsel fan de bargemerk. By de merke waard eartiids,lykas yn oare doarpen yn de greid- en bouhoeke, troch de pletslike kafeehâlder in keatswedstryd organisearre. Yn 1792 waarden foar 3 en 4 septimber foar de earste kear yn de [[Ljouwerter Krante]] keatspartijen oankundige. Yn de Ljouwerter fan waard sels in hurddraverij oankundige foar hynders dy't noch net folle wûn hienen. De priis wie fyftich gûne. Omdat de kreammen op grûn fan de tsjerke stiene, krige dy der ek jild fan. De tsjerkefâdij fertsjinne dus oan de merke, mar stelde letter ek wol jild foar in draaimole foar skoalbern beskikber.
 
=== Befolking ===
Rigel 94:
* ''Huylckensteinstrjitte'' - De strjitte rint yn de rjochting fan de eardere wetter- en iisherberch Huylckenstein dy't ± [[1509]] boud is doe't de [[Boalserter Feart]] groeven is. Letter is de herberch ek noch as tolhús brûkt.
* ''It Hynstewaad'' - namme fan in sleat dy't rûn fan It Plein yn súdlike rjochting by it paad nei [[Wammert]] lâns. De sleat kaam út yn de [[opfeart]] oan de súdkant fan de âlde buorren. De sleat hie in ûndjip plak op de hichte fan de saak fan smid Minkema. Hjir waarden de hynstepoaten behimmele foar it beslaan fan de hoeven. Dy ûndjipte waard yn de folksmûle ek wol"it Hynstegat" neamd. De strjitte rint no fan It Plein nei de Froanackerdyk.
* ''De Langebaan'' - Namme foar in stripe oan de westkant fan it tsjerkhôf dêr't ieuwenlangiuwenlang in pear diakonij- en tsjerkefâdij-earmenkeamers stiene. Yn 1864 hat de tsjerkefâdij de earmenkeamers ôfbrekke litten om it tsjerkhôf útwreidzje te kinnen. It is no de namme fan in lange stege fan de Brân nei de Flaamske Banken ôf.
* ''Langwert'' - nei de [[buorskip]] [[Langwert (buorskip)|Langwert]]
* ''Loayerstrjitte'' - rint by de Frjentsjerter Feart lâns, fan de Brân nei de Flaamske Banken. De namme komt fan de fellebleaters dy 't hjir eartiids wennen. Dy makken de hûden skjin foar de learloaiers yn Brabân. Eartiids hiet de strjitte de ''Foarstrjitte'', omdat hy foaroan by de Frjentsjerter feart leit. It paad is ûntstien tusken 1820 en 1840 en waard foar in part oanlein op partikuliere grûn; der is hieltiid noch grûn by dy't by de huzen oan de feart heart. Dêrfoar koenen de bewenners fan dy huzen allinnich by de rest fan it doarp komme troch stegen njonken harren wenten en de efterlizzende lange stege (de Langebaan).