Feepest: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Robot: de:Rinderpest is een etalage-artikel; tekstwiziging
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
omstavere 2015
Rigel 1:
[[Ofbyld:Runderpest in Nederland 18e eeuw.jpg|thumb|''Gods slaandehand over Nederland, door pest-siekte onder het rund vee'', 1745]]
'''Feepest''' is in besmetlike sykte dy yn de [[18e ieuiuw]] in soad foar kaam. Tusken [[1713]] - [[1719]], [[1744]] - [[1767]] en [[1768]] - [[1786]] gie de syktme yn trije grutte weagen troch it lân. Yn de earste weach waarden mear as 61.000 kij dea. Stadichoan waard de sykte bestriden, benammen troch ynintsjen. De [[Boazum]]er predikant [[Eelko Alta]] hat hjir tige war foar dien. Yn de jierren nei de twadde feepest, fan [[1744]], waarden kij helle út [[Dútslân]] en [[Denemark]]. Dêrtroch feroare it fee it stadichoan fan readbûnte nei swartbûnte kij.
 
== Ferrin ==
Rigel 6:
Doe't yn 1713 de feepest om [[Amsterdam]] hinne útbruts, koften in protte Hollanners om it lân te beweidzjen skiep yn Fryslân. Mar doe bliek de sykte ek al yn Fryslân te wêzen. De Steaten fan [[Fryslân]] ferbeanen dêrom it ynfieren fan fee út [[Hollân]] en [[Oerisel]]. Ek swalkers, om't dy't faak yn it hea sliepen waarden keard, om de fersprieding tsjin te hâlden. Deade kij waarden in ein bûten de doarpen begroeven yn djippe gatten en bedutsen mei [[ûnleske kalk]]. Fan besmette stâlen mocht fierders ek gjin fee mear ferkocht of ferfierd wurde. Op de hikke of de stâldoar kaam in swart krús te stean. Dochs besochten in soad boeren oan de maatregels te ûntkommen. Foar in part wie dat út ûnwittendheid: se wisten net krekt hoe't de syktme ferspraat waard. Mar it wie ek út needsaak, troch de grutte earmoede. Earst mocht it fee net slachte wurde en ek de hûden mochten net ferhannele wurde. Doe't it letter tastien waard wie de priis fan hûden in hiel ein sakke.
 
Sûnt de 20e ieuiuw wurde boeren noch wolris kompensearre foar gefolgen fan rampen, mar doe barde dat hast net. Allinnich hoegden de boeren gjin [[hoarnjild]] te beteljen foar deade bisten en betellen hja gjin floreenbelesting. De stjerte fan fee wie ekstra heech omdat it fee net sa'n goede kondysje hie troch wiete riten en broei.
 
== Eelko Alta ==
Rigel 12:
 
== Pestboskjes ==
Yn it lânskip stean noch ferskate ''[[pestboskje]]s'' as stille tsjûgen yn it lân. Dêr binne soms hûnderten kij bedobbe. Ek yn de [[19e ieuiuw]] waard dat noch dien by feesykten as [[tuberkuloaze]], [[tongblier]] en [[myltfjoer]]. Dizze lêste sykte kin nei hûndert jier noch besmetlik wêze.
 
[[Kategory:Feehâlderij]]