Evert Rinsema: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
SamoaBot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 1 interwiki links, now provided by Wikidata on d:Q2141369
oanf
Rigel 1:
[[Image:Theo van Doesburg portrait of Evert Rinsema.jpg|thumb|Theo van Doesburg. ''Potret fan Evert Rinsema.'' Fermoedlik 1915. Pastelkryt op papier. 15,5 × 11,5 cm. Ljouwert, Frysk Museum.]]
'''Evert Rinsema''' ([[De Gerdyk]], [[28 augustus]] [[1880]] – [[It Hearrenfean (plak)|It Hearrenfean]], [[4 july]] [[1958]]) wie in Fryske skuonmakker en skriuwer/dichter en geastbesibbe fan keunstbeweging [[De Styl]].
 
Hy wie in broer fan byldzjend keunstner [[Thijs Rinsema]] (1877-1947) en wenne yn [[Drachten]]. Hy wie skuonmakker en lies yn syn frije tiid yntinsyf it wurk en de libbensferhalen fan de grutte filosofen. Yn syn mobilisaasje-perioade, fan 1914 oant 1916, flakby it Noard-Brabânske [[Alphen (Noard-Brabân)|Alphen]], rekke hy befreone mei skriuwer en byldzjend keunstner [[Theo van Doesburg]]. Van Doesburg wie benammen ûnder de yndruk fan Rinsema omdat hy faak abstrakte en min te trochgrûnjen filosofyske tinkbylden yn it deistige libben weromseach. Hy makke om dy reden it hjir ôfbylde portret fan Rinsema, dêr't hy him yn werjoech as [[Friedrich Nietzsche]].<ref>Alied Ottevanger (2007). ''De Stijl in Tilburg. Over de vriendschap tussen Theo van Doesburg en Antony Kok.'' Amsterdam: Stokerkade, cultuurhistorische uitgeverij (ISBN 9079156019): side 11.</ref> Van Doesburg soe letter faker by him yn Drachten op besite komme. Ek brocht Van Doesburg yn 1920 Rinsema syn dichtbondel ''Verzamelde volzinnen'' út. Yn septimber fan dat jier stelde Rinsema him foar oan arsjitekt [[Cees Rienks de Boer]] (1881-1966), dy't Van Doesburg beluts by it ûntwerp fan in oantal 'middenstânswenningen' en de Lânbouwinterskoalle yn Drachten. Begjin jierren tritich ferhuze Rinsema nei Assen, dêr't hy oan it Kanaal 175 in wenhûs yn [[Modernisme|modernistyske]] styl bouwe liet nei ûntwerp fan arsjitekt [[Johannus Frederikus Adrianus Göbel|J.F.A. Göbel]]. Nei de [[Twadde Wrâldoarloch]] kaam hy werom nei Drachten.<ref>H.R. Heite (redaksje), 'Dada in Drachten', ''Literair tydskrift'', nûmer 9/10 (novimber 1971): [side 26].</ref> Een bekende uitspraak van Rinsema is: 'Komt door te zwijgen niets tot stand, door spreken blijft niets staande' (1947).<ref>H.R. Heite (redaksje), 'Dada in Drachten', ''Literair tydskrift'', nûmer 9/10 (novimber 1971): side 3.</ref>