Dekemahûs: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L better witte wolle
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
omstavere 2015
Rigel 2:
It '''Dekemahûs''' yn [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]] stie oan de Grutte Tsjerkestrjitte 12. Fan it hûs is neat werom te finen. Op it plak stiet noch it yn [[1846]] troch [[Thomas Romein]] ûntwurpen skoalgebou.
 
De Frânske skoalle, de 'Kostskoalle foar jonge Juffrouwen' waard oarspronklik faaks boud yn de [[15e ieuiuw]], it wurdt yn elts gefal yn 1480 op dit plak oanjûn. De earste te efterheljen eigenaresse fan it hûs wie sa goed as seker Jel fan Dekema, dy't ek [[Minnemahûs]] yn eigendom krige. Troch fererving kaam it yn 1609 yn hannen fan de famylje Fan Aebinga. Yn [[1680]] waard it hûs troch twa erfgenamten ferdield en yn twa wenningen opsplitst, dy't beide ferhierd waarden. Trije jier letter kamen se wer yn ien hân.<br>
It kompleks soe dêrnei in tal jierren troch prinses [[Albertine Agnes]] hierd wêze, grif foar har personiel. It hûs blykt eigendom te wêzen fan Margaretha Rooda, widdo fan de ‘castelein van Sijne Hoogheit d’Heere Prince van Oranje en Nassau’ at hja yn [[1723]] it hoekpân oan de stege keapet en oan har wenning taheakket.
 
Yn de earste helte fan de [[19e ieuiuw]] binne de beide helten wer ôfsûnderlik yn gebrûk. It eastlik part, grif de djippe eastlike fleugel en it dwerse middenstik, waard bewenne troch de eigener. De beide djippe fleugels oan de westside ferhierde hy sûnt 1800 oan de Frânske kostskoallehâlder L.M.A. Waubert de Puiseau dy't der syn ''‘Kostschool voor Jonge Jufvrouwen’'' hold. Yn 1807 waard dat diel fan it hûs troch de kostskoallehâlder oankocht. Ek dy eigendomssplitsing duorre mar koart, want in jier letter kocht hy ek de oare helte oan. Sûnttiids hie it pân wer ien eigener en ien bestimming. Doe't de hear Waubert de Puiseau yn [[1828]] nei de provinsje Luik ôfsette waard de skoalle foar 7.000 gûne troch de gemeente oernomd, dy't it kompleks ferbouwe en útwreidzje liet. Skraachwurk 20 jier letter waard it gebou as ferâldere beskôge. Yn 1846 liet it gemeentebestjoer it gebou slope en in nij skoalgebou ferrize, ûntwurpen troch [[Thomas Romein]].
 
== Bewenners ==