Ferskil tusken ferzjes fan "Samoerai"

Gjin feroaring yn grutte ,  5 jier lyn
omstavere 2015
L (Robot: de:Samurai is een goed artikel; tekstwiziging)
(omstavere 2015)
[[Ofbyld:Samurai with sword.jpg|thumb|right|200px|Harnaste samûrai mei swurd en dolk. Makke troch de Britske fotograaf [[Felice Beato]] yn Japan begjin jierren 1860.]]
[[Ofbyld:KofunCuirass.jpg|thumb|200px|right|Samoeraibepânsering út it [[Kofuntiidrek]].]]
'''Samûrai''' (侍 of ek wol 士) is de term dêr't yn it eardere [[Japan]] oarnaris in lid fan krigersklasse mei oantsjutten waard. De besjutting fan it wurd is '''Hy dy't tsjinnet'''. Fan de [[12e ieuiuw]] oant de lette [[19e ieuiuw]] wiene de Samûrai de wapene troepen fan Japan.
 
== Skiednis ==
Yn de rin fan de tiid waarden de samûrai troch bannen mei aadlike famyljes en it keizerlik hof machtich genôch om sels in oerheid te foarmjen. De macht fan regionale klens naam ûnder harren tafersjoch ta. Nei de [[Gempei-oarloch]] waard [[Minamoto no Yoritomo]] de earste [[Shogun]] fan Japan en fan dat stuit ôf wienen de befelhawwers yn it lân samûrai. Yn [[1192]] rjochte [[Seii Taishogun]] it [[Kamakura-shogunaat]] op.
 
Fan in samûrai waard ferwachte dat er op de hichte wie fan de kultuer en skriuwe koe. Ferskate samûraiklens hawwe tsjin elkoar fochten ûnder it tiidrek fan it Kamakura- en [[Ashikaga-shogunaat]]. Yn de 13e ieuiuw kaam it [[Zen]]-boedisme yn swang ûnder de samûrai, en ûnder ynfloed dêrtroch ûntstie de samûrai-eigenskip gjin eangst te hawwen foar de dea of it deadzjen fan tsjinstanners. De samûrai út dy tiid stienen bekend as de elite-krigers fan Japan. Twaris slagge sy dêryn, mei help troch inkele natoereleminten as in [[orkaan|tyfoan]] en tongerbuien, in Mongoalske ynvaazje ôf te slaan, nettsjinsteande dat sy mei folle minder wienen as harren tsjinstanner.
 
Yn de 15e en 16e ieuiuw naam it tal kriichstechniken fan de samûrai bot ta. Sa waard in foar fan ynfantery ynfierd, neamd [[ashigaru]]. De komst fan Jeropeanen nei Japan soarge foar de yntroduksje fan nije wapens as de [[haakbus]].
 
Under it [[Tokugawa-shogunaat]] hawwe de samûrai stadichoan harren militêre funksje ferlern. Op de ein fan dat tiidrek wiene de de samûrai in soarte fan amtners wurden, dêr't harren [[swurd (wapen)|swurden]] inkeld noch in seremoanjele funksjes ferfolden.
 
By de herfoarmingen fan de [[Meiji-restauraasje]] oan de ein fan de 19e ieuiuw, waard de klasse fan samûrai ôfskaft en in nij leger oprjochte nei westersk foarbyld.
It dragen fan in samûrai-swurd of [[katana]] waard doe ferbean. Net alle samûrai leine harren dêr samar by del, wat late ta in tal wapene opstannen tsjin de nije oerheid; de grutste wie de [[Satsuma-opstân]].
 
10.424

bewurkings