Stasjon Snits: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Molen17 (oerlis | bydragen)
wikidata
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
omstavere 2015
Rigel 2:
'''Stasjon Snits''' is it stasjon yn de stêd [[Snits (stêd)|Snits]]. It stasjon is tagelyk mei de iepening fan it earste gedielte fan it spoar [[Stasjon Ljouwert|Ljouwert]] – [[Stasjon Starum|Starum]] iepene (16 juny [[1883]]). Hjirby wie Snits noch it einpunt. Twa jier letter, op 8 novimber [[1885]], wie it spoar oan Starum ta klear.
 
It stasjonsgebou fan Snits is net unyk yn syn soarte. It stasjonûntwerp wurdt ek wol [[Standerttype Snits]] neamd en waard yn de jierren 80 fan de [[19e ieuiuw]] brûkt foar fiif Nederlânske spoarstasjons. Hjirfan binne noch trije oer. De oerkaping fan dit stationstype wie foar elk stasjon lyk. [[Korintyske oarder|Korintyske pylders]] fan [[jitizer]] ûndersteune in houten kape, dy't de lingte fan it gebou beslaat. Mei de ferbouwings fan dizze stasjons yn de sechtiger jierren (sjoch fierderop yn dit artikel), is de houten kape fernijd/renovearre.
 
Yn 1921 waard in ferbiningsbôge oanlein tusken Stasjon Snits en de [[Tramline Snits - Boalsert]] fan de [[Nederlânske Tramwei Maatskippij]], sadat frachtweinen fia de tramline trochfierd wurde koenen. Dizze tramline waard nei 1947, neidat it stasjon oan de tramline ferfallen wie, fia it emplassemint fan it NS-stasjon betsjinne. De tramline waard yn 1968 opheft en koart dêrnei opbrutsen.