Willem II fan de Nederlannen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
→‎Libben: typfl
Rigel 7:
Yn [[1813]] en [[1814]] wie der sprake fan dat Willem trouwe soe mei de Britske prinsesse [[Sjarlotte Augusta fan Wales|Sjarlotte Augusta]], mar dat rûn troch de tsjinnichheid fan 'e breid op 'e non. Yn febrewaris [[1816]] troude Willem sadwaande ynstee mei [[Anna Paulovna fan Ruslân]], de dochter fan tsaar [[Paul I fan Ruslân|Paul]]. Ut dat houlik waarden fiif bern berne, wêrfan't ien al yn 'e widze kaam te ferstjerren. De oaren wiene: de lettere kening [[Willem III fan de Nederlannen|Willem III]]; de ûntroud bleaune [[Aleksander fan Oranje-Nassau (1818-1848)|Aleksander]]; [[Hindrik fan Oranje-Nassau|Hindrik]], dy't fanwegen syn lange maritime wurkpaad wol Hindrik de Seefarder neamd waard; en [[Sofy fan Oranje-Nassau|Sofy]], dy't úthylke waard oan gruthartoch [[Karel Aleksander fan Saksen-Weimar-Eisenach]].
 
Willem II waard yn [[1840]], nei de troansôfstân fan syn heit, kening fan Nederlân. As sadanich is er benammen bekend wurden om't er yn [[1848]] "yn ien nacht" fan [[konservatisme|konservatyf]] ta [[liberaal|liberalisme|liberaal]] waard en ynstimde mei it plan fan [[Johan Rudolph Thorbecke]] om 'e [[grûnwet]] sa te feroarjen dat de foarst it grutste part fan syn politike macht ferlear en mear in symboalyske funksje krige. Noch gjin jier letter kaam Willem II by in besyk oan [[Tilburch]] hommels te ferstjerren oan [[longûntstekking]]. Hy waard byset yn 'e grêfkelder fan syn laach, yn 'e Nije Tsjerke te [[Delft]]. Syn soan [[Willem III fan de Nederlannen|Willem III]] folge him op.
 
[[Kategory:Kening fan Nederlân]]