Egbert Sjuck Gerrold Juckema fan Burmania Rengers: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 2:
 
== Biografy ==
Egbert van Burmania Rengers wie de soan fan [[Sjuck fan Burmania Rengers]] en lykas syn heit en pake [[List fan grytmannen fan Wymbritseradiel|grytman fan Wymbritseradiel]], kurator fan de [[Universiteit fan Frjentsjer]] en yn 1782 boargemaster fan Ljouwert. Hy hearde yn it earstoan ta ien fan de acht steatsgesinde reginten yn Fryslân, dy't [[Court Lambertus fan Beyma]] yn 1782 yn syn krewearjen in provinsjale milysje op te rjochtsjen, steunden. Sûnder Rengers waarden sels gjin beslissingen nomd. Hy wie in tsjinstanner fan de [[Loadewyk Ernst fan BrunswijkBreunswijk-Lüneburg-Bevern|hartoch fan BrunswykBreunswyk]]. Syn heit drige om him te ûntervjen.<ref>Gedenkschriften van G.J. Hardenbroek, diel III, s. 534-535, 401. </ref>, mar soe ek anti-steedhâlder west hawwe kind.<ref>Gedenkschriften van G.J. Hardenbroek, diel IV, s. 52. </ref> Hy soe bretaal wêze, ferstannichûnferstannich, ien dy't op syn eigen foardiel út wie, net maklik en ûntefvreden. Omdat hy gjin bern mear hawwe woe, sliepte hy net mear by syn frou, de dochter fan in Nymwegenske boargemaster.<ref>Gedenkschriften van G.J. Hardenbroek, diel IV, s. 471. </ref>
 
Yn 1783 besochten de [[prinsgesinden]] him te troaien.<ref>H. Spanninga (1987) Beginsel en belang bij C.L. van Beyma, s. 35. Yn: For uwz lân, wyv en bern. De patriottentiid yn Fryslân. Under redaksje fan W. Bergsma, C. Boschma, M.G. Buist en H. Spanninga, s. 28, 31, 54, </ref> Yn juny 1784 reizge hy nei Amsterdam, <ref>Gedenkschriften van G.J. Hardenbroek, diel IV, s. 316. </ref>mooglik fanwege in patriottyske gearkomst yn de [[Handboogdoelen (Amsterdam)]]. <!--Mooglik om de swierriechheden yn de [[Steaten fan Oerisel]]}--> Yn desimber 1784, neidat de hartoch fan Brunswyk it lân ferlitten hie, oerlei hy fannijs yn Amsterdam.<ref>Gedenkschriften van G.J. Hardenbroek, diel IV, s. 503. </ref> Mooglik gie Rengers begjin [[1785]] om doe't in skuorring ûntstie tusken demokratyske patriotten en republikeinske aristokraten. Rengers waard tsjinstanner fan Van Beyma, dy't yn novimber 1785 syn kredyt ferlern hie.<ref>Gedenkschriften van G.J. Hardenbroek, diel V, s. 122. </ref> Yn septimber 1786 wie Van Burmania Rengers ien fan de fûlste tsjinstanners fan de [[Patriotten]] yn Fryslân wurden, om te foar te kommen dat it foarbyld fan Daendels, dy't yn Hattem op revolúsjonêre wize besocht hie in sit yn de froedskip te besetten, sûnder goedkarring fan de steedhâlder, folge wurde soe.