Nij Beets: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
omstavere 2015
Rigel 20:
Troch de feanen rûn in wichtige ferbiningswei nei [[Utingeradiel]], de ''Zeveinsweg''; noardliker lei de ''Ga Weg'' - no de Prikkewei - yn it doarp. Yn de [[Tegenwoordige Staat van Friesland]] (1788): ''Den rydweg, die van Beetsterzwaag door dit Dorp en voorts naar 't Westen loopt, onder den naam van rechte Zeveins weg en dien van Ga weg; gaande de laatste geheel tot aan Utingeradeels grenzen, door de laage landen, die de Beetster Hooi- en Maadlanden worden genaamd. Verder Zuidoostwaards [...] liggen hooi- en weidlanden, bekend by den naam van Wester Buure Vennen, na welke de Marschen volgen.''
 
Yn [[1831]] waard in nije strjitwei, de Nije Leppedyk - no de Domela Nieuwenhuiswei - tusken de Zeveinsweg en de Gean Wei oanlein. De lannen gienen fan [[1863]] ôf op de skeppe. Tweintich jier liet it lânskip in ôfwikseling fan stroken [[woast lân|woeste grûn]], healannen en turflannen sjen. Der waard benammen oan de Prikkewei boud, oan de eastside fan de Skipsleat en benoarden fan de Nij Beetsterfeart. Sûnt ein [[19e ieuiuw]] kaam de ûntginning fan de útfeante grûn stadichoan op'e gleed.
 
Yn [[1891]] waard in houten tsjerkje boud. Yn [[1908]] koe oan de Skipsleat in stienen herfoarme tsjerke boud wurde. Yn [[1917]] folge oan de Prikkewei in grifformearde tsjerke. Fan de iere organisearre folkswenningbou binne de rige fan tweintich út [[1921]] oan de Swynswei (de eardere Zeveinswei) en it streekje fan tolwe dy't yn 1938 en 1940 oan in sydpaad fan de Domela Nieuwenhuiswei kamen, goede foarbylden.