Andringahûs (Oentsjerk): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L [[]]
L [[]]
Rigel 1:
It '''Andringahûs''' stie yn [[Oentsjerk]] yn de gemeente [[Tytsjerksteradiel]], op it stee fan it hjoeddeiske hûs Rengerswei 47 en dêr’t earder de [[Friesland Bank]] stie. It hûs waard foar [[1698]] boud en sloopt yn [[1895]].
 
Om de tiid dat er mei Wilsck fan Heemstra troude, fêstige jonkhear Douwe Poppes fan Andringha him yn Oentsjerk. Hja wie in dochter fan Feije fan Heemstra en Aaltsje Tjarda fan Starkenborgh en it pear sil, sa’t soks yn de famylje Fan Heemstra faker barde, in lape grûn fan heit krigen hawwe om in hûs op te setten. Se krigen ien dochter, dy’t al jong stoar. Wilsck ferstoar al yn [[1635]].