Makkumer Mar: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
SamoaBot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 1 interwiki links, now provided by Wikidata on d:Q2211689
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
omstavere 2015
Rigel 1:
De '''Makkumer Mar''' of '''Kâld Mar''' wie in earder mar oan de eastkant fan Makkum. De mar waard droechmakkedrûchmakke tusken 1876-1879, tagelyk mei de [[Parregeaster Mar]] en de [[Warkumer Mar]]ren dy't súdliker leinen. By Keninklik Beslút 1874 krige L.C. Ledeboer fan Makkum de konsesje ta droechmeitsjendrûchmeitsjen. Yn 1967 Fryske Lânoanwinningsmaatskippij.
 
Ien fan de betingsten wie it 'graven' fan in skipfeartkanaal (sjoch [[Van Panhuyskanaal]]) dwers troch de mar tusken de [[Grutte Sylroede]] en Kakeshoek. De sa ûntstiene Noarder- en Sudermarpolders binne mei in grûndûker mei elkoar ferbûn. Yn 1876 naam de steat de trije marren oer. It droechmeitsjendrûchmeitsjen barde ûnder stoom. It gemaal yn de noardwesthoeke Sudermarpolder fan [[1881]] is yn [[1926]] elektrifisearre en bemealt [[Makkumer Marpolder|Makkumer-]] en [[Parregeaster Marpolder]]s. Nei beslút ta likwidaasje Lânoanwinningsmaatskippij waarden de margrûnen 1882/1883 ferkocht oan F.A. van Hall yn Utert. Dizze stifte pleatsen, eksploitearre de grûnen ±30 jier en ferkocht doe syn eigendommen yn de marpolders by gedieltes. De oerflakte fan de Makkumer Marpolder is ± 260 ha., en de leechste terreinhichte -2,2 m. NAP.
 
Der hawwe plannen west om de polder, dy't as lânbougebiet brûkt wurdt, wer ûnder wetter te setten fanwege it toerisme, mar dizze plannen binne en wurde net útfierd.