Sint-Jânsgea: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Ieneach fan 'e Esk moved page Sint Jansgea to Sint-Jânsgea: neffens de Fryske Akademy
red
Rigel 12:
}}
[[Ofbyld:De Hersteller Molen 10.JPG|thumb|right|250px|''gemaal en mole De Hersteller'']]
'''Sint Jansgea-Jânsgea''' (ek: ''Sint Jut'') is in doarp yn de gemeente [[Skarsterlân]], súd fan it [[Nannewiid]]. It doarp hat likernôch 860 ynwenners (2004).
It foarmet eins in twillingdoarp mei [[Rotsterhaule]]. De doarpen wurkje dan ek gear mei skoallen, tsjerken en ferienings. Sint Jansgea-Jânsgea is neamd nei de tsjerke fan it doarp, dy't wijd is oan de hillige Johannes. Dizze tsjerke stiet hjir al jierren net mear. Nei de ynpoldering en it yn kultuer bringen fan it lân is de Streek fertichte ta in lintbebouwing dy’t oan de noardkant noch altyd tichter is dan oan de súdkant fan de Streek. Fan de âlde Streek ôf is noch dúdliker dan yn it buordoarp [[Rotsterhaule]] te ûnderfinen, hoe leech it lân leit.
== Feanôfgraving ==
Yn it gebiet is yn it ferline in soad [[fean]] ôfgroeven, dit waard as [[Turf (brânstof)|turf]] ferskippe. It gebiet waard slim wiet en strûpte by min waar hielendal ûnder wetter, it waard it Unlân neamd. De [[polder]] is lykwols droechmeald troch fjouwer mûnen, de lêst oerbleaune mûne is troch de befolking rêden fan de sloop: [[De Hersteller (Sint Jansgea-Jânsgea)|De Hersteller]].
De Hersteller bestie yn 2007 150 jier. By dy gelegenheid is in jubileumboek útkaam. De mûne waard yn 1857 boud om de polder droech te hâlden. Yn de jierren santich fersutere de mûne en doe is er yngreven opknapt.
 
== Bakkers ==
Hoe't it komt is net rjocht dúdlik, mar sa'n 40 à 50 jier ferlyn wennen en wurken oan de Streek yn it twillingdoarp wol tsien ferskillende bakkers. Ta in brea-oarloch is it net komd. Krekt oarsom, se organisearren har yn in [[ynkeapferiening]] en ien kear jiers gienen se mei harren froulju in dei oderop út. De measte fan dy bakkerijen bine yn de jierren sechtich ferdwûn, mar de saken dy't oerbleaunen binne útgroeid ta grutte bedriuwen. It koekefabryk fan Sint Jansgea-Jânsgea, [[Wieger Ketellapper]] (ûnderdiel fan [[Keninklike Peijnenburg B.V.]]), is bekend in hiel Nederlân, krektas it roggebreafabryk fan Van Dijk en yn Rotsterhaule it koeke- en [[pipernuten]]fabryk fan Modderman.
[[Ofbyld:Sintjohannesga Skar 02.jpg|thumb|right|250px]]
 
Rigel 39:
 
== Iepenbier ferfier ==
* Line 48: [[It Hearrenfean (plak)|It Hearrenfean]] - [[Rottum (Skarsterlân)|Rottum]] - Sint Jansgea-Jânsgea - [[Rotsterhaule]] - [[Reahel (Skarsterlân)|Reahel]] - [[Fjouwerhûs]] - [[Dolsterhuzen]] - [[Ychtenbrêge]] - [[Ychten]] - [[Eastersee]] - [[De Lemmer]] vv.
 
== Strjitten ==
*''De Grie'' - âlde namme foar lân tusken de Streek en de Hege Dyk.
*''H J Groenstrjitte'' - Harmen Jans Groen wie in minskerêder by de stoarmramp fan 1825.
*''Hindrik-Jan Textörstrjitte'' - Hindrik-Jan Textor, húsarts yn Sint Jansgea-Jânsgea/Rotserhaule tusken 1925-1942. Gie yn 1919 nei Ynje mei syn frou Sjoukje de Vries en waard gûvernemintsarts yn Soerabaya, letter yn Sitoebondo en as lêste stânplak oant 1925. Waard fanwege fersetsaktiviteiten eksekutearre yn de finzenis fan Scheveningen op [[19 maaie]] [[1942]].
*''Hege Dyk'' - heech lizzende dyk tusken Rottum en Rotsterhaule dêr't eartiids in paad oer rûn. Nei it dimpen fan de neistlizzende Hegedyksterfeart waard de dyk yn 1962 asfaltearre en ferbrede.
*''Jan de Goedestrjitte'' -
*''Kadyk'' - eartiids: 'Kaardyk', rint oer it ferfeante efterlân fan Sint Jansgea-Jânsgea en Rotsterhaule.
*''Lichte'' - leech lizzend lân oan de Ringfeart.
*''M J Hogeboomstrjitte'' - Minne Jacobs Hogeboom wie in minskerêder by de stoarmramp fan 1825.
Rigel 56:
*''Skardyk'' - rint troch it skar, in natoergebiet yn it leechfeangebiet.
*''Skoalekers'' - nei it lân dat eartiids efter de kristlike skoalle lei.
*''Streek'' - de langedy troch Sint Jansgea-Jânsgea en Rotsterhaule
*''Tsjerkhôfleane'' - lâns en nei it [[Tsjerkhôf]].
 
Rigel 68:
{{Koördinaten|52_55_54_N_5_51_22_E_type:city_zoom:15_region:NL|52° 56' NB, 5° 51' EL}}
 
[[Kategory:Sint Jansgea-Jânsgea| ]]
[[Kategory:Skoatterlân]]