Albert Sustring: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
LNo edit summary
kt
Rigel 1:
[[Ofbyld:Albert Sustring FSM001005864.jpg|thumb|right|Albert Sustring<br><small>mei museumpeinje</small>]]
 
'''Albertus Martein Sustring''', ( [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]], [[14 july]] [[1903]] - [[Snits (stêd)|Snits]], [[19 septimber]] [[2001]] ), wie goud- en sulversmid, lid fan it [[Kristlik Frysk Selskip]], lid fan de Snitser skientmekommisje. As foarsitter (1951-1975) warber foar it Frysk Skipfeart Museum en Aldheidkeamer yn Snits. Krige hjirfoar yn [[1963]] de sulveren museumpeinje. Waard earefoarsitter fan it bestjoer fan it [[Frysk Skipfeartmuseum]]. It Snitser Skipfeartmuseum hat yn [[2002]] út syn neilittenskip in monumintaal wenhûs oan it Lytssân en in jildbedrach urven. Neist tiid foar syn saaklike aktiviteiten en syn aktiviteiten op maatskiplik en kultureel gebiet fûn er ek tiid om te sporten. Hy sylde yn syn Pampus, roeide, tenniste en bokste.
== Sulversmid ==
De keuze foar it goud- en sulversmidsfak waard foar Sustring bepaald troch de famyljetradysje. Syn oerpake Albertus Martein Sustring (Snits 1804-1874), troud mei Sjoerdtje Ypes Schotanus (Snits 1803-1880), wie al sulversmid yn Snits, krektas de lykneamde pake Albertus Martein Sustring (Snits 1849-1931), troud mei de Ljouwerter sulversmidsdochter Maaike Bolman (Ljouwert 1852-Snits 1911). Heit Josephus Hendrik Sustring (Snits 1874-Ljouwert 1927) luts mei syn frou, de [[De Gaastmar|Gaastmarder]] boeredochter Akke Johannes Ykema ([[Hieslum]], 1880 - Ljouwert, 1929), nei Ljouwert om him dêr op de Nijstêd as goud- en sulversmid te fêstigjen. As goud- en sulversmid en hie er fan 1928 ôf yn Ljouwert op de Nijstêd syn famyljesaak S. Bolman & Co as opfolger fan syn heit Josephus Hendrik Sustring. Yn 1938 waard de hy direkteur-eigener fan de Snitser Firma Johannes Schijfsma NV, in fabryk en gruthannel yn gouden en sulveren wurken. Earder hie hy syn oplieding as goud- en sulversmid hân yn [[Schoonhoven]] en yn Dútslân yn Hanau en Pforzheim.
Rigel 52:
 
{{DEFAULTSORT:Sustring, Albert}}
[[Kategory:Frysk keunstnergoudsmid]]
[[Kategory:GoudsmidFrysk sulversmid]]
[[Kategory:SulversmidFrysk bestjoerder]]
[[Kategory:Frysk publisist]]
[[Kategory:Frysk nasjonalist]]
[[Kategory:Frisiast]]
[[Kategory:Persoan berne yn Ljouwert]]
[[Kategory:Skiednis fan Snits]]
[[Kategory:Frysk keunstner]]
[[Kategory:Goudsmid]]
[[Kategory:Sulversmid]]