Wiuwert: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
omstavere 2015
Muijz (oerlis | bydragen)
walta -> Walta
Rigel 23:
 
== Mummy's ==
Wat Wiuwert echt bekend makke hat is de ferneamde [[grêfkelder]] ([[1609]]) ûnder de, yn haadsaak [[19e iuw]]ske [[Nederlânsk Herfoarme Tsjerke|Herfoarme tsjerke]]. Yn de grêfkelder ûntdekten timmerlju yn maart [[1765]] by tafal in alvetal liken dy't op natuerlike wize mummifisearre binne. De kisten stienen op skragen. Yn de kisten sieten in hast geef lichem mei moaie klean oan. De kisten wienen mei linnen beklaaid. Sân kisten binne yn de rin fan de tiid ferdwûn. Guon miene dat se wolris brûkt wêze kinne troch de universiteit fan Frjentsjer. Fjouwer fan dizze iuwenâlde [[mummy]]s binne noch yn de grêfkelder te besichtigjen en foarmje sûnt jierren in toeristyske attraksje. Hoe't it kin dat dizze like nea fergien binnen is net rjocht dúdlik. Men tinkt oan de loftstream en fochtichheidsgraad yn de grêftombe as oarsaak, mar elk ûndersyk dat definityf útslútsel jaan kin oer de oarsaak wurdt net tastien troch de tsjerke. Dit omt men de mystike sfear dy't no om de mummifikaasje hinget sa hâlde wol. Ek oer de identiteit fan de mummy's bestiet gjin wissichheid. It binne wierskynlik de resten fan leden fan de Walta-famylje en/of resten fan inkele [[Labadisten]]. Dizze fromme sekte kaam yn de 17e iuw ek op it Waltaslot. (De yntellektuele en artistike [[Anna Maria van Schuurman]] wie in bekende labadist) Wis is yn elk gefal de identiteit fan in freon fan de waltaWalta's, goudsmit Stellingwerf fan Ljouwert. De smid leit links en fan him mist de rjochter ûnderearm. Neis him leit de 'ferjitten frou' mei de earms op it liif teard. Nûmer trije is de man mei it kaakabses en rjochts, ûnder in glêzen deksel, it lichem fan in famke (1610) dat nei alle gedachten [[tuberkuloaze]] hân hat. Om te demonstrearjen dat de singeliere grûngesteldheid en kâlde loftstream noch altyd har wurk dogge, is yn de rin fan de tiid in tal deade fûgels yn de romte ophong. Ek al dizze fûgels binne net fergien mar mummifisearre. It mummifisearjen hat grif net de bedoeling west, want de lichems wiene net balseme. Omdat it rêstplak yn 1609 boud waard is yn 2009 it 400-jierrich bestean betocht.
 
== Ferskaat ==