Menno fan Coehoorn: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
omstavere 2015
Rigel 25:
== Dea ==
[[Ofbyld: Menno van Coehoorn grêftombe.wiki.jpg|right|frame|De grêftombe yn de Wikeler tsjerke]]
Yn 1701 waard Menno beneamd ta gûverneur fan [[Sluis]] yn Steats-Flaanderen, no [[SieuskSiuwsk-Flaanderen]]. De Rie fan State organisearre yn 1704 in konferinsje oer de tastân fan de fêstings. Menno wie doe eins al slim siik, mar hy waard min of mear twongen om nei De Haach te kommen. De reis fan Seelân nei De Haach hat foar him tefolle west. Op 17 maart 1704 is er yn De Haach ferstoarn.
 
It stie fêst dat er yn de tsjerke fan Wikel begroeven wurde soe. De Steaten fan Fryslân, dêr't Minne formeel by yn tsjinst wie, hawwe doe besletten om 10.000 gûne frij te meitsjen foar in monumint foar Fan Coehoorn. Dit is pleatst boppe it mausoleum. It ûntwerp wie fan [[Daniël Marrot]] en is troch [[Pieter van der Plas]] útfierd.
 
== Neitins ==
Hy wie al yn syn libben ferneamd wurden as militêr en as fêstingboukundige. Yn de [[19e ieuiuw]] waard der lykwols oars tocht oer syn fêstings en is hast alles wat er boud hat wer ôfbrutsen. De militêre strategy wie feroare. Doch waard Menno fan Coehorrn yn fakrûntes net fergetten. Dat hat laat ta it oprjochtsjen fan de stifting ''Menno fan Coehoorn''. Dy stifting besiket om wat der oer bleaun is fan de fêstingwurken, sa mooglik, wer yn de âlde steat werom te bringen.
 
De strjitte yn Britsum dêr't eartiids Lettingastate stie, hjit nei him ''Menno fan Coehoornwei''.