It Wyfke fan Starum: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L →‎Stânbyld: kat oars + katsort op Wyfke
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
omstavere 2015
Rigel 1:
[[Image:Het_Vrouwtje_van_Stavoren.jpg|thumb|300px|It Wyfke fan Starum]]
'''It Wyfke fan Starum''' is in [[sêge]] út de [[16e ieuiuw]], dy't om it jier [[1800]] hinne syn hjoeddeiske foarm krigen hat.
 
== Ferhaal ==
Rigel 10:
 
== Untwikkeling ==
De âldste bekende ferzje is dy fan [[Cornelius Kempius]] yn ''De origine, situ, qualitate et quantitate Frisiae''. Hjir wie it ferhaal noch dúdlik in [[útlisteltsje]], dat de delgong fan Starum yn de [[13e ieuiuw]] útlei. It frouke wie der noch net: de keaplju fan Starum stjoerden skippen út om út alle lannen it bêste dat der wie te heljen. Doe't ien skip mei nôt werom kaam, wie dat neffens de keaplju te min en waard die yn de haven smiten. De útlis is foar in part histoarysk, om't de haven fan Starum yndie tichtslike. Dat wie lykwols mar in part fan de delgong; in oar part wie de opkomst fan de hannelsstêden oan de Hollânske eastkust.
 
Yn [[1597]] kaam [[Ocko Scharlensis]], yn de ''Croniicke ende warachtige Beschryvinghe van Vrieslant'', mei it frouke. Hjirtroch kaam de klam mear op it [[eksimpel]] te lizzen. Mei dat it Frouwesân keppele waard oan it froukje, waard it ek in útlis fan dy namme, dêr't it komôf fan ferlerngongen wie. De Gelde Ier waard foar it earst yn it ferhaal oantroffen yn [[1710]]. Ek dy is nei gedachten histoarysk; yn alle gefallen woeks Gelde Ier yn de 19e ieuiuw by it [[Reaklif]].
 
Begjin [[19e ieuiuw]] krige it ferhaal mear de foarm fan in [[mearke]] troch de tafoeging fan it motyf fan [[de ring yn de fisk]].
 
Yn dy foarm is yn it ferhaal op tal fan wizen publisearre. Der hawwe lieten, toanielstikken, opera's en films fan west en ek hawwe literêre skriuwers as [[Karl Simrock]], [[Theun de Vries]] en [[Martinus Nijhoff]] der ferzjes fan skreaun.