Simbabwe: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
omstavere 2015
Rigel 36:
 
=== It Ryk fan Monomotapa ===
De iere skiednis fan it keninkryk fan Monomotapa (dat "Hear fan de Mynen" betsjut) is net bekend; it ryk bestie al sûnt de [[MidsieuwenMidsiuwen]]. Benêst de haadstêd Simbabwe mei syn ringmuorre, timpel en twa-ferdjippings hege stiennen hûzen, wienen der hûnderten doarpen dêr't guons fan ek in stêdskarakter hienen. Lânbou, feefokken en mynbou wienen it ekonomyske fûndemint fan it ryk. Troch de goudminen koe it keninkryk hannel triuwe mei [[Araabje|Arabieren]], [[Perzen]] en [[Etioopje|Etiopjers]]. Goud, ivoar en slaven waarden tsjin speserijen, izer, sâlt en oare Easterske waren ruile. [[Ofbyld:Great-Zimbabwe-2.jpg|thumb|right|Ruïne fan de eartiidse haadstêd fan Simbabwe]]
 
Doe't op in bepaald stuit de opbringsten fan de goudmynbou efterútgongen, ferswakke de macht fan de keningen, dy't yn [[1607]] de minen ôfstien moasten oan de Portugezen. Yn [[1629]] waard it keninkryk in [[fasalsteat]] fan [[Portugal]]. Stadichoan rûn it ryk yn de [[18e ieuiuw]] noch fierder tebek en yn [[1889]] krigen de [[Grut-Brittanje|Britten]] it yn hannen, dêr't it in part waard fan ''Sambeezje'', letter ''Rodeezje''.
 
=== Rodeezje ===
Rigel 64:
Twaensechstich prosint is oanhinger fan in [[Kristendom|Kristlik leauwen]]. Krekt as yn in soad oare eardere Jeropeeske koloanjes hat it kristlike leauwen him fermongen mei it âlde tradisjonele leauwen. Utsein it kristendom is it oanbidde fan foarâlden de grutste [[religy]] . Om-ende-by 1% fan de befolking is [[Moslim]].
 
Swarte etnyske groepen meitsje 98% fan de befolking út. It meastepart heart by it [[Shona|Shona folk]] mei 80 ta 84%. De [[Ndebele]] binne de op ien nei grutste befolkingsgroep mei 10 oant 15% fan de befolking. De Ndebele hawwe harren yn de [[19e ieuiuw]] yn Simbabwe festige tidens [[Sûlû]] migraasjes. Mear as ien miljoen Ndebele hawwe it lân ferlitten yn de lêste fiif jier, benammen nei Súd-Afrika binne in soad hinne gongen. [[Bantu]]stammen en oare etnyske stammen binne de tredde grutte befolkingsgroep mei 2 oant 5%.
 
Blanken meitsje mei minder as 1% fan de befolking de fjirde groep út. It meastepart is fan [[Feriene Keninkryk|Britske]], [[Portegal|Portegeeske]] of [[Súd-Afrika|Afrikaanske]] komôf. De blanke befolkingsgroep is stadichoan hieltyd mear tebek rûn, yn 1975 wienen der noch 296.000, yn 1999 120.000 en wurdt skatten op 50.000 yn 2002. As gefolch fan grutte grûn ûnteigeningen is harren oantal noch fierder ôfnommen.