Content deleted Content added
Rigel 54:
 
Soms is it sa dat der op Wikidata wat omslachtige nammen brûkt wurde, dy't foar ien dy't fan hûs út net Ingelsktalich is, dreech te finen binne. In oplossing is dan om nei in korrespondearjende side te gean yn in oare Wikipedy (de Ingelske of de Nederlânske), dy't jo wol fine kinne. Dan stiet der yn 'e loftermarzje ûnder "helpmiddels" (Ing. ''tools'', Ned. ''hulpmiddelen'') in link dy't "Wikidata item" hjit. As jo dêrop klikke, komme jo by de Wikidata-side dy't jo hawwe moatte. De lêste tiid hat Wikidata in hiel yrritant probleem ûntwikkele, dat as je al in hoartsje op dy site sitte en je wolle in keppeling tafoegje, dat it spul dan fêstrint en jo de melding "invalid token" krije. Dan moatte jo in nije brows-sesje begjinne (klik yn jo browser op Bestand, dan op Nieuwe Sessie), dan wer nei Wikidata ta, op 'e nij ynlogge (as jo teminsten ûnder jo meidoggersnamme wurkje wolle), wer nei de side ta dy't jo hawwe moatte, en dan docht alles it wer. No, dat wie it wol, leau ik. Sa't ik sei, ik haw Mariûpol al dien, dat ik soe sizze, besykje it sels nochris mei de oare siden. Krije jo it net foarelkoar, dan hear ik it wol. Groetnis, [[Meidogger:Ieneach fan 'e Esk|Ieneach fan 'e Esk]] ([[Meidogger oerlis:Ieneach fan 'e Esk|talk]]) 30 jan 2015, 12.48 (CET)
 
==Alfabetisearring==
Goeie, Kneppelfreed. Kreaze side oer Richard von Weizsäcker, en ik sjoch dat jo no gjin problemen mear hawwe mei it artikel oan Wikidata te keppeljen. Ien ding noch: as jo persoanen dogge, moatte jo dy eins even alfabetisearje op 'e efternamme. Dat dogge jo troch foarôfgeande oan de kategoryen: { {DEFAULTSORT:Weizsacker, Richard von} } te setten, mar dan fansels sûnder de spaasje tusken de akkolades (as ik dy spaasjes der hjir net tusken set, dan alfabetisearje ik jo oerlisside). By dizze sortearring moatte jo gjin diakrityske tekens skriuwe (â, ä, á, à, ê, ô, ö, û, ú, ü ensfh.), want it systeem alfabetisearret sokke letters oan 'e ein fan it alfabet, nei de z. Dan krije je nuvere dingen dat bygelyks Wâldsein nei Wurdum yn 'e kategoryen komt te stean. Dus ek by siden dy't net oer persoanen geane, mar dy't foaroan yn it wurdt sa'n diakritysk teken hawwe, is it de baas om even in "defaultsort" ta te foegjen. Groetnis, [[Meidogger:Ieneach fan 'e Esk|Ieneach fan 'e Esk]] ([[Meidogger oerlis:Ieneach fan 'e Esk|talk]]) 4 feb 2015, 11.32 (CET)