Content deleted Content added
Rigel 57:
==Alfabetisearring==
Goeie, Kneppelfreed. Kreaze side oer Richard von Weizsäcker, en ik sjoch dat jo no gjin problemen mear hawwe mei it artikel oan Wikidata te keppeljen. Ien ding noch: as jo persoanen dogge, moatte jo dy eins even alfabetisearje op 'e efternamme. Dat dogge jo troch foarôfgeande oan de kategoryen: { {DEFAULTSORT:Weizsacker, Richard von} } te setten, mar dan fansels sûnder de spaasje tusken de akkolades (as ik dy spaasjes der hjir net tusken set, dan alfabetisearje ik jo oerlisside). By dizze sortearring moatte jo gjin diakrityske tekens skriuwe (â, ä, á, à, ê, ô, ö, û, ú, ü ensfh.), want it systeem alfabetisearret sokke letters oan 'e ein fan it alfabet, nei de z. Dan krije je nuvere dingen dat bygelyks Wâldsein nei Wurdum yn 'e kategoryen komt te stean. Dus ek by siden dy't net oer persoanen geane, mar dy't foaroan yn it wurdt sa'n diakritysk teken hawwe, is it de baas om even in "defaultsort" ta te foegjen. Groetnis, [[Meidogger:Ieneach fan 'e Esk|Ieneach fan 'e Esk]] ([[Meidogger oerlis:Ieneach fan 'e Esk|talk]]) 4 feb 2015, 11.32 (CET)
:Dit jildt foar eltse side dy't jo alfabetisearje wolle op in oare letter as de earste letter fan 'e namme. Yn 'e praktyk fral persoanen, ja, mar sa't ik sei is it mei diakrityske tekens (dêr't it Frysk der nochal wat fan hat) ek de baas om dit te dwaan, fral as dy fuort oan it begjin fan it wurd foarkomme. Dus bygelyks Wûns alfabetisearje op "Wuns" en Wâldsein op "Waldsein". As jo bygelyks Earnewâld hawwe, is it minder wichtich, om't it net foar de hân leit dat der yn 'e kategoryen dêr't jo dat yn yndiele noch in artikel is dat mei "Earnew-" begjint. Wat jo berskriuwe mei dy koades, dat komt my net bekend foar, of it moat wêze... Jo moatte ris nei Wikidata ta gean en nei in willekeurich item (Mariupol, bygelyks). Dan mei de rjochtermûsknop op de edit-knop klikke, en dan "Openen in nieuw venster" dwaan. Dan krije je der in soartemint formulier foar, dêr't je ek Wikipedialinks mei tafoegje kinne. Dit ding wol der oars ek noch wolris út himsels foar komme as se op Wikidata mei it systeem oan it ompielen binne. By "site id" "fywiki" ynfolje, by "site link" de namme fan 'e side op 'e Fryske Wikipedy dy't jo oan it Wikidata item keppelje wolle. "Badges" kinne jo oerslaan, en dan gewoan op "Set the site link" klikke om it spul definityf te meitsjen. Is dit dy side dêr't jo it oer hinenen dêr't jo koades ynfolje moasten? It is nammers it iennige dat ik dêrby betinke kin. [[Meidogger:Ieneach fan 'e Esk|Ieneach fan 'e Esk]] ([[Meidogger oerlis:Ieneach fan 'e Esk|talk]]) 5 feb 2015, 11.39 (CET)