Armeenske Genoside: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
omstavere 2015
Rigel 15:
 
== Eftergrûn ==
Armeenje hat fan de [[15e ieuiuw]] ôf diel útmakke fan it [[Ottomaanske Ryk]]. Yn de [[19e ieuiuw]] wie dat ryk yn ferfal rekke en troch ferskillende krigen mei de tsaar fan [[Ruslân]] grûn kwyt rekke. Nei de [[Russysk-Turkske Oarloch (1877-1878)|Russysk-Turkske Oarloch]] yn [[1878]] easken de meast [[Arameensk-ortodokse Tsjerke|Armeensk-ortodokse]] herfoarmingen wêrûnder stimrjocht en in ein oan de diskriminaasje fan kristenen. Troch [[Sultan]] [[Abdul Hamid II]] waard mei hurde hân optrede en op syn befel waarden tûzenen Armeenjers yn it lân fermoarde.
 
Yn 1908 waard yn Turkije de macht grypt troch de [[Jonge Turken]]. Dy machtsoername waard ynearsten troch de Armeenjers stipe. Yn de [[Earste Wrâldkriich]] keas it Ottomaanske ryk de side fan [[Dútslân]] en rekke it lân yn oarloch mei [[Ruslân]]. De Armeenjers woenen ûnôfhinklik bliuwe yn it konflikt, mar sleaten letter ferdraggen mei de Britten en de Russen. Dy ferdraggen moasten it ûntstean fan in selsstannich Armeenje yn de eastlike provinsjes fan [[Anatoalje]] mooglik meitsje.
Rigel 34:
 
== Ynternasjonale erkenning en ûntkenning ==
[[Robert Fisk]] wol yn syn boek ''De grote beschavingsoorlog'' hawwe dat de Armeenske genoside de earste [[Holocaust]] wie, dêr't ek in soad Dútsers by belutsen wiene, dy't fergelykbere útroegingútrûging- en ferswijingstaktiken in pear desenniums letter op 'en nij tapasse soene. [[Winston Churchill]] warskôge mear as ien kear tsjin dy praktiken: "De skiednis sil fergees sykje nei it wurd '[[Armeenje]]'."<ref>Robert Fisk - ''De grote beschavingsoorlog''</ref>
 
Westerske histoarisy, dêr't ferskate [[Turken|Turkske]] ûnder binne, ûnder oaren [[Taner Akçam]], [[Fatma Muge Gocek]] en [[Halil Berktay]], en de fermoarde [[Hrant Dink]], binne it der yn it generaal oer iens dat in [[genoside]] plak fûn hat. Turkske en oare Westerske wittenskippers, skiedkundigen dy't har spesjaal talein hawwe op de skiednis fan it Ottomaanske Ryk, sa as [[Bernard Lewis]], [[Justin McCarthy]] en [[Gilles Veinstein]], hâlde it op [[deportaasje]] en [[massamoard]] fan Armeenjers, mar wolle faak wol in [[etnyske suvering]] tajaan. Turkije wol formeel neat witte fan genoside en ferset him tsjin ynternasjonale erkenning dêrfan. In oantal wittenskippers mient dat der te min wittenskiplik bewiis fûn is om definitive konklúzjes te lûken. De ynternasjonale diskusje rjochtet him meast op wat no krekt de definysje fan genoside is en wa't yn dat gefal sizze sil dat it genoside west hat.