Sjitsport: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
MeinRei (oerlis | bydragen)
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
omstavere 2015
Rigel 3:
 
== Skiednis ==
De sjitsport bestiet nei alle gedachten al salang't der wapens besteane. Yn de [[19e ieuiuw]] begûnen sjitters nasjonale wedstriden te organisearjen. Yn 1851 organisearre [[Willem III fan de Nederlannen|Willem III]] de earste Nederlânske sjitwedstriid, dêr't 13 skutterijen oan meidiene. Om 1852 hinne waard de ''Nederlandsche schutterijen'' (bûn fan in tal skutterijen) oprjochte. Dy assosjaasje waard letter de ''Keninlike Nederlânske Skutters Assosjaasje'' (KNSA).
 
Ek de [[Frankryk|Frânske]] sjitter [[Pierre de Coubertin]], de grûnlizzer fan de moderne [[Olympyske Spullen]], organisearre nasjonale wedstriden. It feit dat der op de earste Spullen, de [[Olympyske Simmerspullen 1896]], fuortdaliks tsien sjitsporteveneminten op it program stiene, mei dan ek gjin ferrassing wêze. Koart nei de yntrede fan de nasjonale kampioenskippen waarden der ek wrâldkampioenskippen organisearre. Sûnt de [[Paralympyske Simmerspullen 1976|Paralympyske Spullen fan 1976]] is de sjitsport ek in [[Sjitsport op de Paralympyske Simmerspullen|Paralympsyke sport]] wurden.