Dam Jaarsma: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
red
Rigel 1:
[[Ofbyld:Dam Jaarsma hûs.JPG|thumb|right|''Dam Jaarsma hûs yn Eastermar'']]
'''Adam Aukes Jaarsma''' (faak bekend as '''Dam Jaarsma'''), ([[Eastermar]], [[29 july]] [[1914]] - [[Drachten]], [[10 july]] [[1991]]) wie in [[Fryslân|Frysk]] [[predikant]], [[skriuwer]] en [[oersetter]]. Nei in teologyske studzje yn [[Grins (stêd)|Grins]] waard er helppreker en foargonger by de Frijsinnich Herfoarme tsjerke. Hy wie folklorist en samler fan [[folkskeunst]] en redakteur fan 'It Heitelân' (1955). Hy skreau Fryske gedichten (û.o. oersettings út it [[Dútsk]] en [[Ingelsk]]). Fierders 'It skriuwboerd' (1956), bernelektuer, en toanielstikken mei Jelle van der Meulen sa as 'Rinte' (1953) en 'Fremer' (1954) en samle yn opdracht fan it (lettere) [[Meertens Ynstitút]] sa'n 15.000 folksferhalen, fral út [[De Wâlden]]. Op dit mêd wurdt er yn ien sike wei neamd mei [[Ype Poortinga]].
 
Dam Jaarsma komt ek foar yn de romansyklus ''Het Bureau'' fan de Nederlânske skriuwer [[J. Voskuil]] as J.J. Damsma.