Willibald fan Mainz: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L +kat
kt
Rigel 1:
'''Willibald fan Mainz''' wie in achtste-ieuske [[Angelsaksen|Angelsaksyske]] mûnts, dy't de [[skriuwer]] wie fan 'e ''[[Vita Bonifatii]]'', in [[hilligelibben]] oer de [[kristendom|kristlike]] [[biskop]] en [[sindeling]] [[Bonifatius]]. Oer Willibald is net in protte bekend. Hy moat koart nei de dea fan Bonifatius, dy't aartsbiskop fan [[Mainz]] wie, as jongeman op dat plak oankommen wêze, krekt doe't der út oare kriten wei (benammen út [[Ingelân]], dêr't Bonifatius berne wie), frege waard nei in ''vita'' oer de man. Willibald krige de opdracht om yn dy fraach te foarsjen, al hied er Bonifatius sels nea met, dat hy moast alles út 'e twadde hân fernimme. De ''Vita Bonifatii'' waard lykwols in grut súkses, en der binne teminsten fjirtich manuskripten fan bekend. Willibald fan Mainz moat net betize wurde mei [[Willibald fan Eichstätt]], dat in tiidgenoat en famyljelid fan Bonifatius wie.
 
[[Kategory:Ingelsk mûnts]]
[[Kategory:Ingelsk publisist]]
[[Kategory:Midsieusk skriuwer]]
[[Kategory:Hagiograaf]]
[[Kategory:Skriuwer fan wa't ien of mear wurken yn it Frysk oerset binne]]
[[Kategory:Angelsaksysk persoan]]