Noarsk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
omstavere 2015
Rigel 32:
Oarspronklik waard der yn heul Skandinaavje deselde taal sprutsen, it [[Oernoarsk]] en letter, fan likernôch [[700]] ôf, it [[Aldnoarsk]]. Om [[1350]] hinne, nei dat in grut part fan de Noarske befolking oan in pestepidemy omkaam wie, ûntwikkele him in oar Noarske taal, it [[Middelnoarsk]]. Dizze taal gie om [[1525]] hinne oer yn it modernge Noarsk.
 
It [[runeskrift]] waard brûkt as skriuwtaal oant yn de [[MidsieuwenMidsiuwen]], doe’t it stadich oan ferfongen waard troch it Latynske alfabet.
 
Yn [[1397]] rekke Noarwegen syn status as selsstannich keninkryk kwyt, en yn [[1536]] waard Noarwegen in provinsje fan [[Denemark]]. It Deensk waard de skriuwtaal, de taal fan de middenklasse, de amtners, skoalle en tsjerke. De Noarske taal bleaun bestean yn de dialekten fan it plattelân. Benammen yn West-Noarwegen hâlde it Noarsk syn eigen skaaimerken.
 
Nei dat Noarwegen yn [[1814]] ûnôfhinklik waard, ûntwikkelen de twa ferskate skriuwtalen har yn de rin fan de [[19e ieuiuw]]. It [[Riksmål]] (''rykstaal''), letter Bokmål (''boeketaal'') neamd, wie basearre op de beskaafde, ferdeenske útspraak fan de elite. It [[Landsmål]] (''lântaal''), letter Nynorsk (''Nijnoarsk'') neamd, wie basearre op de dialekten fan West-Noarwegen.
 
Der ûntstie in beweging dy’t ien Noarske taal, it [[Samnorsk]], neistribbe, mar dy beweging hat nea in soad oanhing hân. Wol ûndergienen beide skriuwtalen in soad staveringswizigingen om sa tichter byelkoar te kommen. De Noaren hawwe harren der op it stuit mar by dellein dat der twa Noarske standerttalen neist elkoar bestean.
Rigel 46:
 
== Wurdskat ==
It meastepart fan de moderne wurdskat fan it Noarsk komt út it Aldnoarsk. De grutste boarne fan lienwurden is it [[Middelleechdútsk]], wat in grutte ynfloed op de Noarske wurdskat hie sûnt de lette MidsieuwenMidsiuwen, oan sels de grammatika struktueren ta. Hjoed de dei komme de measte lienwurden, kreklyk as by de measte oare talen, fan it [[Ingelsk]]. Alhoewol’t it Noarsk sjoen wurdt as in taal dy’t minder ynfloeden hat fan it Ingelsk as bygelyks it Sweedsk en Deensk
 
Fan guon lienwurden is de stavering feroare om de Noarske útspraak sjen te litten, mar dizze wurden hawwe in lange tiid nedich foar’t se goed ynboargere sitte. Foarbylden fan wurden dy’t de Noaren in soad brûke en dy’t Fernoarske binne bygelyks ''sjåfør'' (fan it [[Frânsk]]e chauffeur) en ''revansj'' (fan it Frânske revanche). Mar oare wurde, bygelyks ''jus'' (fan it Ingelske juice) ''keitering'' (fan it Ingelske catering) en ''sørvis'' (fan it Ingelske catering) wurde noch net folle brûkt.