Skuzum: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
→‎Befolking: by de tiid
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
omstavere 2015
Rigel 2:
'''Skuzum''' (ek:''Idsegahuizum'') is in doarp yn de gemeente [[Súdwest Fryslân]], besuden [[Makkum]]. Oant 2011 lei Skuzum yn de eardere gemeente [[Wûnseradiel]]. It terpdoarp hat likernôch 220 ynwenners (2004). Yn it doarpswapen en de flagge stiet in nôtier. Bynamme fan de ynwenners is "beantsjefretters". It Doarpshûs hjit De Treffer, it tsjerkje is fan [[1870]].
 
It wurdt al neamd yn [[1270]] as ''Ytsingahusum'', in ieuiuw letter ferbastere yn ''Idsingahusen''. It wie eartiids allinnich te berikken oer de seedyk. Doe't de [[Makkumer Mar]] droechleindrûchlein waard yn 1876-1879 koe men oer de Brekkenwei yn [[Allingawier]] komme.
Yn it doarp stiet in tsjerke mei in opfallende pastorije.
 
== Skiednis ==
It Skûsterfjild is in smel stik grûn efter de seedyk fan Gaast oant Koarnwert dy't dellein is troch it Fly. It Fly foarme ek de heger lizzende ouwerwâlen, de lettere hege savelgrûnen. Oan ien fan de kriken is oan it begjin fan de jiertelling Skûster terp oanlein. Dit docht bliken út twa amuletten. Ien tichtby de sedyk by [[Piaam]], (twadde ieuiuw nei Kr.), de oare út deselde tiid by Skuzum. Op dizze lêste steane de wurden Terra-Sigillata. De frij wolfarrende terpbewenners hienen lân oant de pleats Altena's op de kromming fan de Grutte Sylroede by Makkum. Ek de lettere mûnen oan de Lytse Sylroede stienen op it grûngebiet fan Skuzum. Yn it fredesakkoard [[Wilkerren fan Wildinghe]], wêrby't de bwewenners oanjouwe dat de frede en rêst wolle, wurdt Skuzum foar it ears neamd as Idsingahusum.
;Spanjerts
By de gefjochten tusken Skieringers en Fetkopers dogge ek Skuzumers mei om yn 1500 Heinrich fan Saksen te ferjeien. De omstreken fan Makkum, wêrûnder dus ek Skuzum, binne lange tiid beset west troch de Spanjerts. Omdat men bang wie foar oanfallen fan de Wettergeuzen oer de Sudersee, moasten de doarpen mankrêft en hynders leverje foar wachtrinnen op de seediken. Om 1580 wurde de Spanjerts ferjage en brekt in rêstiger tiid oan.