Jouke Annes Bakker: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L plaatsjes
Rigel 5:
Bakker wie de soan fan arbeider Anne Joukes Bakker ([[1846]]-[[1937]]) en dy syn frou Tetje de Swart ([[1850]]-[[1931]]). Hy groeide op yn [[Menaam]], op it [[Fryslân|Fryske]] plattelân, yn in húshâlding mei acht bern dy't it faak neat te rom hie. Bakker hie allinnich mar de [[legere skoalle]], mar wist him dochs oan syn earmoedich komôf te ûnwrakseljen. Doe't er fjouwer jier wie, koed er al lêze, en hy koe mei acht jier al fan skoalle. Sadwaande kaam er al jong by de boer te wurkjen om jild te fertsjinjen. Doe't er wat âlder wie, gie er de hannel yn, wylst er safolle learde en lies as er koe. Dêrby spile syn lidmaatskip fan 'e Menamer kristlike jongelingsferiening in wichtige rol. Fierders waard er ek tige holpen troch [[dûmny]] [[H.W.M. Hupkes]], predikant te Menaam, dy't him oanfitere om him op te wurkjen.
 
Mei troch syn eftergrûn wie Bakker in sosjaal beflein man. Hy bejoech him yn 'e [[polityk]], en waard úteinlik as lid fan 'e [[CHU]] yn 'e [[Twadde Keamer]] keazen. It amt fan folksfertsjintwurdiger beklaaide er 27 jier lang, fan [[1918]] oant [[1945]]. Dêrnjonken siet er ek 36 jier yn 'e gemeenterie fan [[Menameradiel]] ([[1909]]-[[1941]]) en wurke er 25 jier lang mei oan it ferskinen fan it blêd ''De Banier'', letter ''Land en Volk''. Bakker hat ek in fearnsieu oan 'e redaksje fan 'e ''Kristlik Histoaryske Nederlander'' meiwurke en hat jierren yn it haadbestjoer fan de ''Unie'' sitten.
[[Ofbyld:Grêf Jouke Oanes Bakker.JPG|left|thumb|230px|It grêf fan Jouke Annes Bakker en de frou op it tsjerkhôf fan [[Menaam]].]]

Fierders wiedwie erBakker jierrenlang [[tsjerkfâd]], en yn 'e Nederlânske Feriening fan Tsjerkfâdijen wie hy 29 jier bestjoerslid, wêrfan 25 jier foarsitter, wylst de Fryske Feriening fan Tsjerkfâdijen him ek 25 jier yn dy funksje meimakke hat. Ek wied er lid fan it haadbestjoer fan 'e ''[[Christelijke Nationale Werkmansbond]]'' en foarsitter fan ’e Fryske ôfdieling en fan ’e redaksje fan it orgaan fan ’e CNW. Hy siet yn it bestjoer fan it [[Griene Krús]], it [[Sikefûns]] (54 jier) en de [[Boerelienbank]] te Menaam en yn it haadbestjoer fan 'e [[Kristlike Hielûnthâldersferiening]]. Fan it kristlike Menamer muzykkorps ''Halleluja'' wie Bakker ien fan 'e oprjochters. Yn 'e [[Twadde Wrâldkriich|oarlochsjierren]] wied er lid fan de Kommisje foar Tsjerklik Oerlis.
[[Ofbyld:Grêf Jouke Oanes Bakker.JPG|left|thumb|220px|It grêf fan Jouke Annes Bakker en de frou op it tsjerkhôf fan [[Menaam]].]]
 
Bakker wie ek behelle yn 'e skoalstriid yn Menaam (foar it rjocht op [[kristendom|kristlik]] [[ûnderwiis]]), oan it begjin fan 'e [[tweintichste ieu]]. Neitiid skreau er dêr ûnder it [[pseudonym]] Jan Oukenes in ferslach yn [[roman]]foarm oer, dat er as titel meijoech ''Kerkelijke Strijd in Menaldum ±1880-±1917''. It giet benammen oer de yntratsjerklike reboelje ûnder de Menamer herfoarmen tusken de frijsinnigen en de otterdoksen. It waard nei gedachten yn 'e jierren tweintich of tritich troch him skreaun en dêrby brûkte er skûlnammen om alle neamde persoanen oan te tsjutten (wêrfan't de measten doe noch libben). It boekwurk waard nea útjûn, mar sirkulearret noch yn 'e Bakker-famylje. In omkesizzer fan Bakker, [[Jouke Klazes Bakker]], hat yn [[1985]] útsocht wa't der efter de brûkte pseudonimen beskûl giene.
Line 14 ⟶ 16:
{{boarnen|boarnefernijing=
* {{EvhhF|Bakker, Jouke}}
* {{Aut|Oukenes, Jan}} [pseudonym Jouke Annes Bakker], ''Kerkelijke Strijd in Menaldum ±1880-±1917'', Menaam, sûnder jier, net publisearre.
}}