omstavere 2015
L (+kat) |
(omstavere 2015) |
||
De prêrje omfettet in alderûnbidichst grutte lape fan it binnenlân fan Noard-Amearika en strekt him út oer sawol de [[Feriene Steaten]] as súdlik [[Kanada]], mei in pear isolearre stikken yn noardlik [[Meksiko]]. Dat gebiet omfiemet de hiele [[Grutte Flakten (Noard-Amearika)|Grutte Flakten]], mar dêropta noch it wietere, heuveleftiger lân eastlik dêrfan. Yn it westen wurdt de prêrje begrinzge troch de [[Rocky Mountains]], al is de [[Sintrale Delling (Kalifornje)|Sintrale Delling]] fan [[Kalifornje]] ek in soarte fan prêrje. Beëasten de bergen beslacht de prêrje alle of frijwol alle lân fan 'e [[Amerikaanske steaten]] [[Noard-Dakota]], [[Súd-Dakota]], [[Nebraska]], [[Kansas]] en [[Oklahoma]]. Grutte dielen fan 'e steaten [[Montana]], [[Wyoming]], [[Kolorado]], [[Nij-Meksiko]], [[Teksas]], [[Missoury (steat)|Missoury]], [[Iowa]], [[Illinois]], [[Indiana]], [[Wiskonsin]] en [[Minnesota]] binne ek prêrje. Yn Kanada beslacht de prêrje rûchwei de súdlike helten fan 'e [[Kanadeeske provinsjes en territoaria|provinsjes]] [[Manitoba]], [[Saskatchewan]] en [[Alberta]].
De Noardamerikaanske prêrjes ûntstiene oan 'e ein fan 'e lêste [[iistiid]], sa'n 10.000 jier lyn, en hawwe harren bestean te tankjen oan 'e formaasje fan 'e [[Rocky Mountains]]. Dy skoepen nammentlik in [[reinskaad]] dat de beammen yn in grut gebiet eastlik fan 'e bergen
{{boarnen|boarnefernijing=
|