De Canterbury Ferhalen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Robot: nl:The Canterbury Tales is een etalage-artikel; tekstwiziging
L plaatsje
Rigel 1:
[[Ofbyld:Elikser-De Canterbury TalesFerhalen.pngjpg|thumb|350pxright|In220px|De [[houtfykFrysk]]e fan [[William Caxton]] syn twadde edysjeoersetting fan ''The Canterbury Tales'', printe yn [[1483]].]]
'''''De Canterbury Ferhalen''''', yn it oarspronklike [[Ingelsk]]: '''''The Canterbury Tales''''', is in samling fan 23 [[koart ferhaal|koarte ferhalen]] mei in ramtfertelling dêromhinne, dat it (ûnfoltôge bleaune) masterwurk foarmet 'e [[Midsieuwen|Midsieuske]] [[Ingelân|Ingelske]] [[dichter]], [[skriuwer]], [[filosoof]], [[algemist]] en [[astronoom]] [[Geoffrey Chaucer]] ([[1343]]-[[1400]]). It is oan 'e ein fan 'e fjirtjinde ieu skreaun yn it [[Midingelsk]] en bestiet grutdiels út fersen, al binne twa fan 'e ferhalen yn [[proaza]]foarm. ''The Canterbury Tales'' ferhelje oer groep pylgers dy't mei-inoar fan [[Southwark]], by [[Londen]], nei de skryn fan 'e [[hillige]] [[Thomas Becket]], te [[Canterbury]], reizgje en inoar ûnderweis ferhalen fertelle. Chaucer brûkte de ferhalen om in maatskippijkritysk byld fan it doetiidske Ingelân te jaan; dêrby falt benammen syn iroanyske beskriuwing fan 'e [[Roomsk-Katolike Tsjerke]] op. De [[Frysk]]e oersetting fan [[Klaas Hoekstra]] kaam út yn [[2010]].
 
Rigel 14:
== Yndieling ==
De yndieling fan 'e ôfsûnderlike ferhalen binnen ''The Canterbury Tales'' ferskilt noch alris, al komme ''The Knight's Tale'' en de ''The Miller's Tale'' altyd earst en it ûnôfmakke ''The Parson's Tale'' altyd efteroan. Hjirûnder is de yndieling oanholden út 'e Fryske oersetting fan Klaas Hoekstra. Ek de Fryske foarmen dy't hjir neamd wurde, binne oernommen út Hoekstra syn oersetting. Ien fan 'e beide proazaferhalen, ''The Tale of Melibee'' ("It Ferhaal fan Melibéus"), it twadde ferhaal dat troch Chaucer sels ferteld wurdt, en dat folget op ''Chaucer's Tale of Sir Thopas'', is út 'e Fryske oersetting weilitten, krekt sa't dat it gefal is mei in soad moderne Ingelsktalige ferzjes. De reden dêrfoar is dat it in tige lang en net bjuster nijsgjirrich ferhaal is dat Chaucer eins oerset hat út it [[Frânsk]] nei de ''Livre de Melibée et de Dame Prudence'' fan [[Renaud fan Louens]], dy't it wer oernommen hie út 'e [[Latyn]]ske ''Liber Consolationis et Consilii'' fan [[Albertanus fan Brescia]].
[[Ofbyld:Canterbury Tales.png|thumb|300px|In [[houtfyk]] fan [[William Caxton]] syn twadde edysje fan ''The Canterbury Tales'', printe yn [[1483]].]]
* ''General Prologue'' (''Algemiene Prolooch'')
* ''The Knight's Tale'' (''It Ferhaal fan de Ridder'')