Ferdinand Domela Nieuwenhuis: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L [[]]
Rigel 2:
'''Ferdinand Domela Nieuwenhuis''' ([[31 desimber]] [[1846]], [[Amsterdam]] - [[18 novimber]] [[1919]], [[Hilversum]]), wie de earste [[sosjalisme|sosjalist]] yn it [[Nederlânske parlemint]].
 
Ferdinand Domela Nieuwenhuis waard berne as ''Ferdinand Nieuwenhuis'', soan fan [[Ferdinand Jacobus Nieuwenhuis]] [[Evangelysk-Lutherkse Tsjerke|luthersk]] [[Dûmny|predikant]] en [[heechlearaar]] [[teology]], en Henriëtte Frances Beiry. Yn [[1859]] waard it de famylje Nieuwenhuis by keninklik beslút tastean de namme fan syn beppe har famylje, "Domela", foaroan harren namme ta te foegjen, dat dy famyljenamme net útstjerre soe.
 
Nei syn stúdzje teology waard er dûmny, yn [[1870]] yn [[Harns (stêd)|Harns]], yn [[1871]] yn [[Beverwyk]] en fan [[1875]] ôf yn [[De Haach]]. Yn dy tiid ferdjippe er him hieltyd mear yn de sosjale kwestjes en ferlear er stadichoan syn leauwen. Yn [[1879]] stoppe er mei syn wurk as dûmny.