Floaris en Blankefloar: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L plaatsje
Rigel 1:
[[Ofbyld:FlorisElikser-Floaris endeen Blancefloer Lg 68Blankefloar.jpg|thumb|right|400px190px|InDe [[houtfykFrysk]]e mei Floaris en Blankefloar yn in útjefteoersetting fan Jan''Floris vanende Doesborch, fan omtrint [[1517]]Blancefloer''.]]
'''''Floaris en Blankefloar''''', yn it oarspronklike [[Midnederlânsk]]: '''''Floris ende Blancefloer''''' (of ek wol '''''Van Floris en Blancefleur'''''), is in trettjinde-ieuske leafdes[[roman]] yn [[gedicht|dichtfoarm]] fan 'e [[Flaanderen|Flaamske]] [[dichter]] [[Diderik fan Assenede]] (±[[1230]]-±[[1290]]), basearre op it eardere wurk '''''Floire et Blancheflor''''', fan in anonime [[Frankryk|Frânske]] [[skriuwer]] út 'e tolfde ieu. De [[Frysk]]e oersetting fan [[Klaas Bruinsma (oersetter)|Klaas Bruinsma]] waard útjûn yn [[2009]].
 
Rigel 18:
==Ynhâld==
Yn ''Floaris en Blankefloar'' groeie twa bern tegearre op oan it hof fan in [[islam|islamityske]] kening yn it [[Spanje]] fan foar de ''[[Reconquista]]'': de iene is Floaris, de soan fan 'e kening, en de oare is it famke Blankefloar, de dochter fan in [[kristendom|kristlike]] [[slavernij|slavinne]]. Earst binne se gewoan befreone, mar as se grutter wurde, reitsje se fereale opinoar. As de kening fan harren leafde heart, stjoert er syn soan nei in kostskoalle, en as dat noch net helpt — want Floaris ferjit syn faam net — ferkeapet er Blankefloar as slavinne en makket Floaris wiis dat se stoarn is. Hoewol't er yn syn bedragerij safier giet dat er sels in prealgrêf foar it fanke oanlizze lit, komt Floaris dochs de wierheid oan 'e weet.
[[Ofbyld:Floris ende Blancefloer Lg 68.jpg|thumb|left|220px|In [[houtfyk]] mei Floaris en Blankefloar yn in útjefte fan Jan van Doesborch, fan omtrint [[1517]].]]
 
Dêrop giet er op 'e siik nei syn leafste en fynt er Blankefloar úteinlik werom yn 'e [[harem]]toer fan 'e [[emier]] fan [[Babel]], dêr't se mei 140 oare froulju finzen holden wurdt. Hy heart dêr dat de emier elts jier ien fan 'e froulju ta frou nimt en dan dejinge fan it foarrige jier om hals bringe lit, en der wurdt fan grute dat Blankefloar syn folgjende frou wurde sil. Troch in snoade list (hy keapet by it [[skaakspul|skaken]] de toerwachter om en lit himsels dan ûnder in lading roazen yn in koer de toer yn drage) wit Floaris tagong ta Blankefloar te krijen. Sy hâldt him yn 'e toer in hoart ferburgen, mar úteinlik wurde se tegearre op bêd betrape troch de emier fan Babel sels.