Utjouwerij Elikser: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L update & red
L [[]] oars
Rigel 3:
It bestean fan sa'n útjouwerij yn Fryslân hat laat ta de publikaasje fan frijwat (benammen Frysktalige) boeken dy't oars it ljocht nea sjoen hawwe soene om't se op kommersjeel mêd eins gewoan net libbensfetber binne. Dêrûnder binne Fryske oersettings fan sokke klassikers as ''[[The Hobbit]]'' fan [[J.R.R. Tolkien]], ''[[Koning van Katoren]]'' fan [[Jan Terlouw]], ''[[Tess of the d'Urbervilles]]'' fan [[Thomas Hardy]] en ''[[The Canterbury Tales]]'' fan [[Geoffrey Chaucer]], mar ek minder bekende wurken, lykas de [[fantasy (sjenre)|fantasy]]-[[roman]] ''[[Yn it Skaad fan de Wolf]]'', fan 'e [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] skriuwster [[Lois McMaster Bujold]].
 
Yn [[2010]] kaam by Elikser it 250ste boek út. Datselde jiers sette de útjouwerij ek útein mei de publikaasje fan [[e-boek]]en, en waard yn 'e mande mei de [[Digitale Bibleteek foar de Nederlânske Letteren]] en [[Tresoar]] in rige fan 50 Fryske klassikers op 'e nij útbrocht ûnder de namme ''Nije Biblioteek''. Skriuwer [[Guido Bindels]] wûn, ek yn 2010, de Publykspriis foar it bêste sportboek fan dat jier mei syn [[biografy]] fan [[hurdfytsen (sport)|hurdfytser]] [[Teun van Vliet]], dat in útjefte fan Elikser wie.
 
==Keppelings om utens==