Frysk Kustpaad: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Mysha (oerlis | bydragen)
L Ik haw der kuierje fan makke, en ik haw besocht de tekst better rinne te litten.
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
omstavere 2015
Rigel 39:
De rûte begjint yn [[Starum]] en folget de kust fan de Iselmar oant [[Hylpen]]. Fan dêr bûcht er ôf nei [[Warkum]], [[Makkum]] en [[Wûns]]. Krekt east fan [[Surch]] is der in oansluting op de rûte oer de Ofslútdyk: fia de Ofslútdyk kin de kuierder nei [[De Oever]] rinne, dêr't it [[Dún- en Polderpaad]] lâns de Noardsee begjint. (Dizze rûte is net markearre, mar de kâns op ferdwalen is mar lyts, de rûte jout lykwols net folle ôfwikseling.)
 
It Fryske Kustpaad giet yn noardlike rjochting fierder nei [[Harns (stêd)|Harns]]. De haadrûte giet oer [[Winaam]] nei [[Easterbierrum]] nei [[Sint Jabik]]; der is ek in koartere rûte dy't suver de hiele seedyk fan de Waadsee folget, wat de rûte sawat 5 kilometer ynkoartet. Nei Sint Jabik komt de rûte by [[Swarte Haan]] wer by de seedyk; dêrnei rint er lâns in bûtendyks kweldergebiet, dat foar droechlizzingdrûchlizzing ornearre wie mar no de funksje fan natoergebiet hat.
 
De rûte giet dan wer it binnenlân yn nei [[Ferwert]] en [[Blije]]. Foar Holwert komt er wer by de seedyk. Fan Holwert rint de rûte lâns de seedyk nei de [[Lauwersmar]].