Wurkferskaffing: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
PieterJanR (oerlis | bydragen)
L -interwiki (wikidata)
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
omstavere 2015
Rigel 3:
[[Ofbyld:Netherlands, River Meuse, 1938 newspaper article on improvements.jpg|thumb|Artikel yn it ''Leidsch Dagblad'' fan 20 maaie 1938 oer de ferbeteringen oan de ''Beersche Maas'' en de rol dy't 1850 wurkleazen dêrby spilen]]
 
'''Wurkferskaffing''' is it yn organisearre ferbân organisearjen fan fan projekten om wurkleazen in nuttige tiidsbesteding te jaan. Hoewol't it begryp wurkferskaffing al yn de [[19e ieuiuw]] brûkt wurdt, is it foaral bekend troch de [[krisisjierren]], de jierren 1930 - 1940. Wrâldwiid wie yn dy perioade it tige grutte [[wurkleazens]]. Yn [[Sydney]], [[Austraalje (lân)|Austraalje]] waard bygelyks de [[Sydney Harbour Bridge]] boud as wurkferskaffingsprojekt.
 
Wurkferskaffing waard opsetten troch gemeentlike en partikuliere inisjativen. It wurk bestie út balstiennen klopje, wegenferbettering en flaaksbraken. Letter waard oergien op ûntginning fan woaste grûnen, benammen yn East-Fryslân. Yn de krisisjierren foar de [[Twadde Wrâldoarloch]] wie der in soad wurkferskaffing. It wurd ferdwûn letter. Nammerste mear de arbeidsmerk reden joech waarden mei rykssteun saneamde 'oanfoljende wurken' útfierd. Dizze bestienen neist ûntginningen bygelyks út lânoanwinning, oanlis en ferbettering fan wegen, ruilferkavelingswurken, werûntginnings, oanlis fan sportfjilden, iisbanen, swimbaden en begraafplakken. Troch de relatyf grutte wurkleasheid hie dizze ferromming fan de wurkgelegenheid yn Fryslân ek nei de oarloch in sekere betsjutting.