Keninkryk Wesseks: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
SamoaBot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 45 interwiki links, now provided by Wikidata on d:Q105313
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
omstavere 2015
Rigel 3:
 
== Skiednis ==
Wesseks bestie fan de [[6e ieuiuw]] ôf oant it ûntstean fan de Ingelske steat yn de [[9e ieuiuw]]. Neffens it histoaryske wurk fan namme, de [[Angel-Saksyske Kronyk]] (ASK), waard Wesseks stichte troch de keningen [[Cerdic]] en syn soan [[Cynric]], hoewol't it bewiis dêrfoar ûntbrekt.
 
"495. ''Der kamen twa ealmannen nei Brittanje, Cerdic en Cynric syn soan, mei fiif skippen, nei in plak mei de namme Cerdicesora, deselde deis fjochten hja tsjin de Welsken''."
Rigel 19:
Nei de dea fan kening [[Offa]] fan Mercia, kaam Wesseks op de foargrûn, earst ûnder [[Egbert fan Wesseks|Egbert]] (802-839), dy't troch [[Northumbria]] en [[Mercia]] erkend waard as [[Bretwalda]] (hearsker fan hiel Brittanje), dêrnei ûnder syn soan [[Ethelbald fan Wesseks|Ethelbald]] (839-859). Under it regear fan Ethelbald boazen de oanfallen fan de Wytsingen oan en doe't [[Alfred de Grutte]] (870-899) op de troan kaam, hienen de Noarmannen of Denen hiel [[East Anglia]] en de eastlike Midlands beset. Troch it winnen fan de slach by Edington yn [[878]] wist Alfred de ûnôfhinklikens fan Wesseks te hanthavenjen. Yn 886 sluet er in ferdrach mei de Deenske kening [[Guthrum]] dêr't in part fan Ingelân by ôfstien waard oan de Skandinayske ynfallers, letter waard dat gebiet de [[Danelaw]] neamd.
 
De name Wesseks kaam fannijs ta libben yn de romans fan de [[19e ieuiuw]]ske skriuwer en dichter [[Thomas Hardy]], mar libbet ek hjoeddeis fierder yn de nammen fan tal ferienings, skoallen en ynstellingen.
 
== Keningen fan Wesseks ==