Gerard Heymans: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L →‎Wurk: +plaatsje
Rigel 8:
 
== Wurk ==
[[Ofbyld:Kubus van Heymans.png|thumb|right]]
Heymans wie in grut foarstanner fan de [[Empirisme|empiryske metoade]] en fierde it eksperimint yn wêr't dat mar koe. Yn 1892 rjochte hy yn Grins it earste Nederlânske psychologyske laboratoarium yn, dêr't hy ûndersyk die yn de algemiene psychology. Yn neifolging fan [[Wilhelm Wundt]] yntrodusearre hy sadwaande de eksperimintele psychology yn Nederlân.
 
Heymans' wurkterrein rûn fan de [[kennislear]], [[metoadology]], [[metafysika]], [[estetika]], [[etyk]] en [[heilslear]] oant de [[psychology|algemiene psychology]], [[spesjale psychology]], [[psychology fan de froulju]] en [[parapsychology]]. Op it mêd fan de psychology ûntwikkele hy de teory fan it [[psychologysk monisme]], dat stelt dat de wurklikheid mar út psychyske prosessen bestiet, en dat it inkel de [[sintúch|sintugen]] binne dy't se as fysyske ferskynsels oan ús foardwaan litte. De "[[kubus fan Heymans]]" wie in werjefte fan syn typology.
 
== Publikaasjes ==