Vissarion Belinski: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
omstavere 2015
Rigel 1:
[[Ofbyld:Vissarion Belinsky 4.jpg|thumb|Vissarion Belinski]]
[[File:Stamp USSR 1952 CPA1675.jpg|thumb|Postsegel wijd oan de dea, 100 jier lyn, fan [[Nikolaj Gogol]] en Belinsky), 1952]]
'''Vissari Grigorevitsj Belinski''' (''[[Russysk]]: Виссарион Григорьевич Белинский''; [[11 juny]] [[1811]]/[[30 maaie]], [[Sveaboarch]] (by [[Helsinki]]) – [[7 juny]] [[1848]]/[[26 maaie]], [[Sint-Petersburch]]) wie in foaroansteand [[Ruslân|Russysk]] literêr kritikus en [[publisist]], en [[Liberalisme|liberaal]] út de [[19e ieuiuw]], dy't kultureel op West-Europa rjochte wie.
 
==Libben en opfettings==
Rigel 20:
De ynfloed fan Belinski op it sosjale en yntellektuele libben yn it Ruslân fan 1850 oant 1917 hat grut west. Hy waard de geastlike heit fan de Russyske [[yntelligintsia]], en hie in ynfloed dy’t him fuortsette oant de Russyske revolúsje ta: de earste [[Bolsjewiken]] beskôgen him as in soarte fan literêre tsjerkfaar (wylst er letter ûnder [[Jozef Stalin|Stalin]] wer ferbean waard, benammen om syn frijsinnige tinkwize).
 
Op de Russyske literatuer wie syn ynfloed noch grutter. Hy stipe [[Gogol]] by it útjaan fan “Deade sielen” en wie de earste dy’t yn in stúdzje de klam lei op it grutte belang fan it fernijend wurk fan Gogol. Tegearre mei [[Nikolaj Nekrasov|Nekrasov]] ‘ûntduts’ er [[Fjodor Dostojevski]] (“Earme minsken”), en hie er grutte ynfloed op [[Ivan Toergenjev]], [[Aleksej Pisemski|Pisemski]] en tal fan oare Russyske skriuwers. Sa spile er in tige wichtige rol yn it grutte klassike tiidrek fan de Russyske literatuer yn de [[19e ieuiuw]] en wurdt er sjoen as de heit fan it Russysk realisme.
[[Aleksander Herzen]] en Ivan Toergenjev hienen wiidweidich omtinken foar Belinski yn har memoires, dy't ek yn it [[Nederlânsk]] ferskynd binne.