Ferskil tusken ferzjes fan "Mokka (Jemen)"

omstavere 2015
(oanfollinkje)
(omstavere 2015)
| webside =
}}
[[Ofbyld:Mokha3.jpg|thumb|260px|De Grutte Moskee fan Mokka út de 15e ieuiuw]]
'''Mokka''' ([[Arabysk]]: المخا, Al-Mokha of Al-Mukha) is in havenstêd yn [[Jemen]], oan de [[Reade See]], ferneamd om de kofjesoarte [[Mokka (kofjesoarte)|mokka]] dy't nei de stêd neamd is en hjir fanâlds ferhannele waard. De stêd hie 10.355 ynwenners yn [[1994]]. Yn [[2005]] waard it ynwennertal op 14.562 rûsd. Twa kilometer besuden Mokka wurdt in yndustryhaven oanlein. Der is in bytsje grinsferkear mei boaten op [[Dzjibûty]].
 
==Ut de skiednis==
Mokka waard stifte yn de [[14e ieuiuw]]. Fan de [[15e ieuiuw|15e]] oant de [[17e ieuiuw]] wie Mokka it meast wichtige hannelsplak foar [[kofje]] yn de wrâld. Ek no noch binne mokka-kofjebeannen ferneamd om har sterke, [[Kakaobeam|kakao]]-ige smaak. De [[Feriene Eastyndyske Kompanjy]] (VOC) hie in [[faktorij]] (hannelspost) yn Mokka, lykas ek de Britten, Frânsen en Denen.
 
De stêd wie yn hannen fan it [[Ottomaanske Ryk]] oant it yn 1636 in ûnôfhinklike steat waard. De Ottomanen besetten de stêd wer fan 1849 oant 1918.
 
Mokka hie in [[monopoalje]] op de koffiehannel oant de VOC ein 17e ieuiuw [[kofjeplant]]sjes Jemen útsmokkede en sels úteinsette mei it kweken fan kofje op [[Java]]. Mei de opkomst fan de kofjeplantaazjes yn Aazje en Súd-Amearika begûn de delgong fan de stêd. De Spaanske [[Jezuïten|Jezuïtemisjonaris]] [[Pedro Páez]] soe yn 1595 de earste Europeaan west hawwe dy't Mokkakofje preau yn it plak sels. Yn 1839 brochten de Britten har regionale haadkertier fan Mokka nei [[Aden (stêd)|Aden]] oer, oare Europeeske lannen folgen har foarbyld.
 
Oant yn de [[19e ieuiuw]] tsjinne Mokka as haven fan de Jemenityske haadstêd [[Sanaa]]. HjoeddendeiHjoeddeis hat Mokka as haven net folle mear te betsjutten, en hat Aden de rol fan wichtiste haven fan Jemen oernaam. De pleatslike ekonomy moat it no hawwe fan fiskerij en in lyts bytsje toerisme.
 
<gallery>
10.424

bewurkings